Subsydzje foar útwikseling jonge Friezen en Europeeske taalregio’s
Deputearre Sietske Poepjes: “Troch mei lokale minsken yn ’e kunde te kommen dy’t krekt as wy in taal hawwe dy’t net de iennichste taal yn in regio of lân is, komst ek mear te witten oer wat dyn eigen taal foar dy sels betsjutte kin. Troch ûnderfinings en gefoelens te dielen mei bygelyks jongerein yn Wales of Hilgelân en te sjen hoe’t sy earne oars mei sichtberens fan in taal omgeane, kinsto de tafoege wearde fan meartaligens yn dyn eigen libben ek better begripe. It Frysk is ien fan de Europeeske talen.”
Jonge Friezen
De doelgroep fan de regeling bestiet út skoallen en jonge teätermakkers, skriuwers, sjoernalisten, filmmakkers, dichters en muzikanten. Betingst is dat de mearderheid fan de oanfregers jonger is as 30 jier. It subsydzje is beskikber foar reis- en ferbliuwskosten, mar ek foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei de fokus op de Fryske taal.
Oare taalregio’s
Yn Europa praat 1 op de 7 minsken njonken de erkende Europeeske talen ek in taal lykas it Baskysk, it Ladynsk of it Frysk. It subsydzje ‘Ynternasjonale Kontakten’ is bedoeld om kontakten te ferdjipjen mei jongerein út ien fan de oare Europeeske taalregio’s.
Provinsje Fryslân is lid fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD ). As lid fan dat Europeeske talenetwurk is de provinsje ûnder oare belutsen by it European Charter Classroom (ECCA) projekt. Yn dat projekt is yn oparbeidzjen mei Afûk in lesse-rige ûntwikkele oer taalregio’s en it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden.
Sjoch foar mear ynformaasje oer de regeling ‘Ynternasjonale kontakten’ op: https://www.fryslan.frl/internationale-contacten.