Subsydzjeregeling foar Frysk ûnderwiis opnij iepen

Leare & ûnderwiis Oer it Frysk
3 april 2024
Ek dit jier is der wer subsydzje beskikber foar foar de regeling Frysk foar no en letter, foar it fuortsterkjen fan it Frysktalich ûnderwiis. Alle skoallen yn Fryslân kinne fan 9 april oant en mei 1 oktober 2024 subsydzje oanfreegje foar it fuortsterkjen fan de posysje fan de Fryske taal en kultuer. Der is €600.000,- beskikber en op is op. De subsydzjeregeling is ûnderdiel fan it projekt Taalplan Frysk 2030.

Der is subsydzje beskikber foar (nei)skoalling fan learkrêften en it oanskaffen fan ekstra lesmateriaal, mar ek foar kulturele aktiviteiten en ekstra ynset fan learkrêften en meiwurkers foar de Fryske taal en kultuer.

Deputearre Eke Folkerts: “Mei de subsydzjeregeling Frysk foar no en letter kinne skoallen ekstra stipe krije foar it útfieren fan harren ambysjes foar it Frysk. Wy ynvestearje mei Taalplan Frysk 2030 yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s.”

Frysk foar no en letter
Alle ûnderwiissektoaren komme yn oanmerking foar subsydzje: berne-opfanglokaasjes, primêr en fuortset ûnderwiis, mbû, hbû, wû en spesjaal ûnderwiis. Der kin subsydzje oanfrege wurde foar fjouwer kategorieën: Skoalling of neiskoalling, Les- en lêsmateriaal, Kultueredukaasje en Frijroasterjen. In skoalle kin de kategory ien kear in oanfraach dwaan yn dizze perioade.

De subsydzjeregeling bestiet sûnt 2021 en giet yn april foar de fyfde kear iepen. Skoallen witte de regeling goed te finen: ferline jier gong de regeling trije moanne earder ticht, omdat it maksimumbedrach berikt wie. Yn 2023 wie €400.000,- beskikber. Mear ynformaasje oer de regeling en de betingsten fynst op de webside fan taalplan.frl.

Gearwurking
It projekt Taalplan Frysk 2030 wurket oan de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. De provinsje set him dêrfoar yn mei taal- en ûnderwiisynstellingen: Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden Hogeschool, Omrop Fryslân, Onderwijs Semko en Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO ). Sjoch foar mear ynformaasje oer Taalplan Frysk 2030 op: www.taalplan.frl.