Wurkje mei Fryske toanielteksten yn de klasse mei Praat mar Toaniel!

Berneboeke-ambassadeur Leare & ûnderwiis
5 novimber 2020
Nij by de Afûk: de toanielboekjes fan Praat mar Toaniel! Dêrmei dochst op in fleurige en ynspirearjende wize mear mei Fryske toanielteksten. It lêzen en spyljen fan dy teksten set oan ta mear Frysk lêzen, praten en skriuwen. De toanielboekjes mei titels as Jungleboek, Oz en Peter Pan binne geskikt foar de boppebou fan it basisûnderwiis, mar ek foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.

Hielendal leuk: by de toanielboekjes Oz en Jungleboek fynst no ek Projekten yn Spoar 8. Hawwe jim in lisinsje foar de metoade Frysk foar it basisûnderwiis? Dan binne de toanielboekjes fergees!

Mear witte? Sjoch op www.spoar8.frl/praatmartoaniel.