Foto: Istock

Trauma’s kinne tenei ek yn it Frysk behannele wurde

Oer it Frysk Op it wurk
4 septimber 2019
Trauma's kinne fan no ôf ek yn it Frysk behannele wurde. De Vereniging EMDR Nederland (VEN) hat it protokol foar saneamde EMDR-terapy sûnt tiisdei ek yn it Frysk beskikber steld.

Psychoterapeut Rob Faltin út Ljouwert hat de terapy oerset nei it Frysk. Faltin is fan oarsprong in Frânsktalige Switser en hat him it Frysk eigenmakke. Hy behannelet minsken mei trauma’s, mar ek mei eangst en twang. Dy behannelet er altyd al yn it Frysk as sy Frysktalich binne. “De measte minsken fiele harren better en mear ûntspannen as se yn de memmetaal prate kinne. Mar ik sjoch ek dat sy mear motivearre binne en dregere oefeningen oangeane”, seit Faltin. Lês fierder en harkje nei it radiofragmint op www.omropfryslan.nl.