Twa Fryske foardrachten foar de IBBY Honour List 2024
‘Abe en de Aardichman’ fan Tialda Hoogeveen en Yke Reeder, waard earder ek al opnommen yn de list fan de White Ravens 2023 én waard selektearre foar de Biënnale yn Bratislava foar de moaiste berneboeke-yllustraasjes.
De Honour List bestiet út de kategoryen ‘Tekst’, ‘Illustraties’ en ‘Vertalingen’. De nasjonale seksjes fan IBBY meie dêr foar elke kategory en taal ien boek foar foardrage. Sûnt 2018 draacht IBBY-Nederlân njonken in Frysktalich boek yn de kategory ‘Tekst’ ek in oersetting nei it Frysk foar. Dêrfoar krijt IBBY advys fan It Fryske Berneboek.
Foar de IBBY Honour List 2024 draacht IBBY-Nederlân foar:
Yn de kategory ‘Vertalingen’:
Arjaan en Thijs van Nimwegen voor hun Nederlandse vertaling ‘Het meisje met de luidende stem’ van Abi Daré (Signatuur, 2021)
Rymke Zijlstra voor haar Friese vertaling ‘Lampke’ van Annet Schaap (Afûk, 2023)
Yn de kategory ‘Illustraties’:
Octavie Wolters voor Het lied van de spreeuw (Ploegsma, 2021)
Yn de kategory ‘Tekst’:
Martine Letterie voor ‘Kinderen van ver’ met illustraties van Saskia Halfmouw (Leopold, 2022)
Tialda Hoogeveen voor ‘Abe en de Aardichman’ met illustraties van Yke Reeder (Afûk, 2022)
De auteurs, yllustratoaren en oersetters dy’t foardroegen binne, ûntfange in offisjeel Honour List-diploma. Dy wurde útrikt op it twajierlikse ynternasjonale IBBY-kongres, dêr’t de Honour List presintearre wurdt, mei in tentoanstelling en in katalogus.
Dêrnei reizgje kolleksjes mei de selektearre boeken de wrâld oer. In tentoanstelling mei alle boeken sil û.o. te sjen wêze op de berneboekebeurs yn Bologna en op oare boekebeurzen wrâldwiid. Ek wurde de boeken opnommen yn permaninte Honour List-kolleksjes yn de Ynternasjonale Jugendbiblioteek yn München en kolleksjes fan ynternasjonale (berne)biblioteken yn Switserlân, Slovenië, Japan, Ruslân en de Feriene Steaten.
Mear ynformaasje oer de IBBY Honour List is te finen op www.ibby-nederland.nl/ibby-honour-list