De Afûk is útjouwer fan it tydskrift heit&mem.
It tydskrift heit&mem hat as doel oansteande en (jonge) âlden te ynformearjen oer it grutbringen fan bern fan 0 oant 12 jier. Meartaligens is dêr in substansjeel ûnderdiel fan. heit&mem ferskynt as magazine, mar ek online en is fierder te finen op Facebook, Instagram, Pinterest en Youtube. En heit&mem hat ek in podcast!
De lytse heit&mem is in spesjale útjefte fan it magazine dat ûnderdiel is fan it Taalkado, it bertegeskink fan de provinsje Fryslân dat âlders krije by de oanjefte fan in berte.