Yn de Afûk boek- en kadowinkel en yn de Afûk websjop hawwe de nijste útjeften fan de útjouwerij altyd in prominint plak. Yn in soad gefallen binne dat earste útjeften mar guon titels ferskine al jierren op ‘e nij yn in werprinting. Hiele generaasjes binne ûnderwilens opgroeit mei bygelyks de Jentsje en Stip boekjes, Fan de lytse mol dy’t witte wol wa’t him op ‘e kop skiten hat en Tûzen wurden.

Op it mêd fan de poëzy binne wichtige dichters lykas Tsead Bruinja, Elske Kampen, Arjan Hut, Sytse Jansma, Anne Feddema, Eppie Dam, Edwin de Groot, Baukje Wytsma en Simon Oosting oan de Afûk ferbûn.

Bekende en súksesfolle romanskriuwers fan de Afûk binne Elske Schotanus, Nyk de Vries, Anne Feddema, Baukje Zijlstra, Marga Claus, Aggie van der Meer, Willem Verf, Josse de Haan, Bennie Huisman en Wilco Berga.

By de berneboeken binne wy grutsk op útjeften fan skriuwers lykas Lida Dykstra, Paul van Dijk, Ate Grijpstra, Hanneke de Jong, Mindert Wijnstra, Auck Peanstra, Riemkje Pitstra en Thys Wadman.

Op it mêd fan taal jout de Afûk boeken út fan bekende taalkundigen as Jan Popkema, Reitze Jonkman en Arjen Versloot, Siebren Dyk, Pieter Duijff en Hindrik Sijens. En ek histoarisy lykas Yme Kuiper, Meindert Schroor, Hans Mol en Hans Koppen binne mei wichtige boeken oan de Afûk ferbûn.

Neist bekende en súksesfolle auteurs jout de Afûk ek wurk út fan nije skriuwers. De lêste jierren wienen dat bygelyks Mirjam van Houten en Geart Tigchelaar.