Minsken sille altyd it ferlet fiele om elkoar ferhalen te fertellen en om nei elkoars ferhalen te harkjen. By it útjaan fan boeken, tydskriften en digitale produkten – foar bern en folwoeksenen – giet it de Afûk ek om refleksje op Fryslân, har skiednis en har taal. En om (literêre) skriuwers romte te jaan foar harren ferbyldingskrêft.

As útjouwer hawwe wy spesjaal omtinken foar berne- en jeugdliteratuer en slute derby oan by de (digitale) learmiddels dy’t wy ûntwikkelje foar it ûnderwiis en kursussen. Dêrneist binne wy aktyf yn it ûntdekken en begelieden fan nij talint.