Jo wurde fan herten útnûge om in (Frysktalich) manuskript foar te lizzen oan de redaksje fan de Afûk. Dat kin per e-mail nei dit adres: ynfo@afuk.frl. Wol freegje wy jo om yn in begeliedend berjocht dúdlik te meitsjen wêr’t it boek oer giet en foar hokker publyk it ornearre is. Fansels meie jo it manuskript ek op papier ynleverje by ûndersteand adres. Manuskripten dy’t mei de hân skreaun binne, nimme wy net yn behanneling.

Utjouwerij Afûk
t.a.f. de redaksje
Postbus 53
8900 AB Ljouwert

Jo krije binnen in pear dagen in ûntfangstbefêstiging. In (ynhâldlike) reaksje op jo manuskript wurdt meastentiids binnen seis oant acht wiken jûn.