Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt

Frije tiid
24 april 2020
As de muorren prate koene, de muorren fan Theresienstadt… Mar muorren hâlde har net ivich en altyd stil. Tanksij Ilse Weber (1903-1944) witte wy wat se sein hawwe, sy hat de muorren harren ferhaal dwaan litten. Op 24 april ferskynt by útjouwerij Afûk de twatalige bondel Wat in koffer seit, fersen út Theresienstadt, skreaun yn it Dútsk troch Ilse Weber en oersetten yn it Frysk troch Eppie Dam.

Ik bin in lytse koffer út Frankfurt am Main
en ik sykje myn baas, wêr is er toch tein?

Wat in koffer seit is ta stân kommen nei oanlieding fan it teäterprogramma ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’ fan en troch Inez Timmer en Tseard Nauta. De foarstelling soe oarspronklik op 4 april yn Ljouwert yn premjêre gien wêze mar is troch de hjoeddeistige omstannichheden mei it Koroanafirus earst in jier útsteld. De bondel mei de gedichten dy’t de basis foarmje foar de ymposante, meartalige muzikale teäterfoarstelling is der dêrtroch no earst en is fan hjoed ôf te keap yn de boekhannel.

Ilse Weber wie in Joadske frou fan Dútsk-Tsjechyske ôfkomst. Sy skreau berneboeken, harkspullen en prachtige gedichten. De Dútsktalige gedichten dy’t se yn it geheim skreau yn it modelgetto Theresienstadt dêr’t sy as nachtsuster yn it bernesikehûs wurke, wiene foar in protte finzenen in beaken fan hoop. Yn de ynlieding yn de bondel fertelt Inez Timmer yn it koart it libbensferhaal fan dizze bysûndere frou en hoe’t har gedichten op wûnderbaarlike wize de oarloch oerlibben.

De oersettings fan de gedichten nei it Frysk binne net by tafal fan Eppie Dam. Dam (1953) is dichter, berneboekeskriuwer en oersetter en sette al earder lieten foar Timmer oer, ûnder oaren it ferneamde ‘Lili Marleen’.

Teäterfoarstelling ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’
Dizze teäterdokumintêre fertelt op ynkringende wize oer it libben fan skriuwster Ilse Weber en de bern yn har libben. Har gedichten foarmje  75 jier letter de basis foar in ymposante, meartalige muzikale teäterfoarstelling mei Inez Timmer en Tseard Nauta. ‘Holocaust-Hollywood, de kinderen van Ilse Weber’ is in foarstelling om noait mear te ferjitten, tsjin it ferjitten. Mear ynformaasje en spyldata, sjoch: www.theaterineziatief.nl. Harkje hjir nei ‘De skiep fan Liditz’: