Ynformaasjebuorden fan no ôf (ek) yn it Frysk
“Kameratafersjoch”. Troch dy sticker op de Breedeplaats yn Frjentsjer op te plakken, die Bruins Slot de died by it wurd. Wy sille it op mear plakken yn Fryslân tsjinkomme. De provinsje wol safolle mooglik buorden lâns wetter- en autodiken yn it Frysk of twatalich meitsje. It Ryk begjint in proef mei twatalige ynformaasjebuorden foar tydlike paadwizers en foarljochting lâns rykswegen. Ek moatte der mear twatalige ynformaasjebuorden yn de iepenbiere romte komme. De minister en de deputearre wolle ek mear omtinken foar it Frysk yn oare kommunikaasjemiddels.
Wet op it brûken fan de Fryske taal
It Frysk is wetlik fêstlein as taal neist it Nederlânsk. Dat betsjut dat ynwenners fan Fryslân it Frysk brûke meie yn de rjochtbank en yn harren kontakten mei oerheden. Mar it belang fan it Frysk is ek grut yn de maatskippij. It is de memmetaal fan in grut part fan de minsken yn Fryslân. Se prate it deistich. Dêrom sette it Ryk en de provinsje yn op it Frysk. Goede sichtberens en wiidweidich gebrûk fan de taal fersterket de posysje fan it Frysk.
Nije ôfspraken
It hjoed tekene sichtberensakkoart rint oant en mei 2023, lykas de earder neamde bestjoersôfspraak Fryske taal. Ryk en provinsje meitsje foar de perioade fan 2024 ôf nije ôfspraken oer it brûken fan it Frysk.