ZEA feroveret Italië mei Frysktalich album
Mar foar’t it safier is, makket De Boer earst noch in minytoernee troch Italië. Dat docht er solo. Hy sil dêr yn seis ferskillende plakken yn it noarden fan it lân de nûmers fan syn nije Frysktalige cd Witst noch dat d’r neat wie foar it fuotljocht bringe.
It album krige nasjonaal en ynternasjonaal loovjende resinsjes. Opfallend wiene de reaksjes út Italië. Yn de nasjonale krante Il Manifesto krige it album fiif stjerren. It lanlike muzykblêd Blow Up neamde it album ien fan de bêste albums fan it jier. En op de Italiaanske RAI Radio 3 wurde de Fryske ferskes fan ZEA ek geregeld draaid. Omrop Fryslân gie dêroer mei him yn petear. Lês it ynterview hjir.