Foto: Anja van Wijgerden

Annejet van der Zijl spesjale gast op literêre jûn yn Ljouwert

Boeken fan Fryslan Frije tiid
10 febrewaris 2020
Bestsellerauteur en skriuwer fan it nasjonale Boekewikegeskink Annejet van der Zijl is dit jier de spesjale gast op de literêre jûn yn Ljouwert op sneon 7 maart. Oanlieding foar har komst is de start fan de Boekewike én it ferskinen fan de Fryske oersetting fan ‘har’ Boekewikegeskink Leon & Juliette. Njonken Van der Zijl is dêrom ek oersetter Baukje Zijlstra ien fan de haadgasten.

Direkteur fan it Historisch Centrum Leeuwarden en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet wiidweidich mei Van der Zijl en Zijlstra yn petear. Ek sille skriuwer en oersetter fragminten út it geskink foarlêze en is der romte foar fragen út it publyk. De band WIEBE soarget foar de muzikale yntermezzo’s en in ôfslutend optreden.

Kaarten foar de literêre jûn à € 10,00 (ynkl. drankjes) binne fan hjoed ôf te krijen yn boekhandel Van der Velde Ljouwert en yn de winkel en webshop fan de Afûk.

Plak: Dansschool Saco Velt, Sacramentsstraat 19, Ljouwert
Oanfang: 21.00 oere
Doarren iepen: fan 20.30 oere ôf
Download hjir de flyer mei alle ynfo.

Yn de Boekewike krije klanten by oankeap fan minimaal € 15,00 oan boeken it Boekewikegeskink kado. De klant kin kieze tusken de Frysktalige en de Nederlânsktalige edysje as geskink. De Boekewike is fan sneon 7 maart oant en mei snein 15 maart. Fan 8 oant en mei 19 maart wurde der op ferskate plakken yn Fryslân noch literêre progamma’s fersoarge troch skriuwer en muzikant Bennie Huisman, skriuwster Baukje Zijlstra en skriuwer/byldzjend keunstner Sytse Jansma en de dichters Anne Feddema, Martin Reints en Edwin de Groot.

Annejet van der Zijl
Mei bestsellers lykas Sonny Boy, Bernhard en De Amerikaanse prinses is Annejet van der Zijl (Querido) ien fan de ferneamdste en meast lêzen auteurs fan Nederlân. Van der Zijl wurdt ek wol de net-kroande keninginne fan de literêre non-fiksje neamd. Ek de jongerein wurdearret har boeken: Sonny Boy stiet yn de top 10 fan meast populêre boeken ûnder eksamenkandidaten havo en vwo. Foar har oeuvre krige Van der Zijl ûnder oaren de Gouden Ganzenveer.

De literêre jûnen wurde organisearre troch Boeken fan Fryslân, in promoasjekampanje foar alle Fryske skriuwers en útjouwers, mei as doel om mear minsken Fryske boeken lêze te litten. It Nederlânske Boekewikegeskink wurdt alle jierren skreaun yn opdracht fan it CPNB, Boeken fan Fryslân is de opdrachtjouwer fan it Fryske Boekewikegeskink.