Aginda oersjoch

21 jannewaris 1 febrewaris

Nasjonale Foarlêsdagen 2026

Mei de ‘Nationale Voorleesdagen’ is der ekstra omtinken foar it foarlêzen oan bern fan 0-6 jier. It ‘printeboek fan it jier’ dat mei de Nasjonale Foarlêsdagen sintraal stiet is Kleine Aap fan Mies van Hout en is ek yn in Fryske oersetting ferskynd! Troch de Afûk wurdt dêr in lesbrief by beskikber makke mei tips en suggestjes foar aktiviteiten om it printeboek hinne. Fierder makket Tomke dizze wike bysûnder nijs bekend…. De Nasjonale Foarlêsdagen ha as doel om it foarlêzen oan bern, dy’t sels noch net lêze kinne, te befoarderjen. Foarlêzen stimulearret de (taal-)ûntwikkeling fan bern en it prikelet de fantasij. En it is ek nochris hiel gesellich!

29 jannewaris 4 febrewaris

Poëzywike yn Nederlân en Flaanderen

Fan 29/1 oant en mei 4/2 2026 is it Poëzywike: ít poëzyfeest yn Flaanderen en Nederlân, is oeral en foar elkenien! It tema fan de 14e Poëzywike is ‘metamorfoaze’. Ellen Deckwitz is alfêst poer entûsjast: “ Ik ben dolgelukkig dat ik het Poëziegeschenk mag schrijven! En voor dit soort interessante tijden is er geen toepasselijker thema dan ‘Metamorfose’. Feroaring is de iennichste konstante. Fan rûp nei flinter, fan dei nei nacht, fan wurd nei gedicht. Metamorfoaze is oeral: yn de natuer, yn ús lichem, yn ús gedachten en yn ús maatskippij. It is in transformaasje dy’t ús útdaget, ferrast en ynspirearret. Poëzy is by útstek it sjenre dat dizze feroaringen fangt, ferwurdet en ferbyldet. Lês mear oer de poëzywike op poezieweek.com en gryp de gelegenheid oan om dy ris ferrasse te litten troch tal fan Fryske dichters.

29 jannewaris

Bildtse gedichte-aven

Op donderdeg 29 jannewary 2026 om 19.30 uur, in de poëzijweek, organiseert Bildts Aigene in de bibletheek fan St.-Anne de jaarlikse gedichte-aven. Foor jong en oud! Wille jim ’n gedicht foordrage, dan kinne jim jim anmelde fia info@bildtsaigene.nl. Geef dan ok even deur hoe’t ’t gedicht hyt en wie’t ’t skreven het. Opgeve kin ok deur te bellen na 06-45657383 of kom even in de bibletheek del. En ’t maakt niet út wer’t ’t gedicht over gaat. Ok niet at ’t Bildts, Frys of Nederlâns is. ’t Mâg ’n sels skreven gedicht weze, maar ok ’n al bestaand gedicht. Wij doen niet soa moeilik. Wees welkom, om te lústeren!

30 jannewaris

Grutte Gedichtejûn

Op de twadde dei fan de Poëzywike is it wer tiid foar de Grutte Gedichtejûn fan literêr tydskrift Ensafh! Diskear is de lokaasje yn Boekepassaazje De Rode Loper oan de Sint Jacobsstrjitte 32 yn Ljouwert. Dogge jim (wer) mei? It tema fan de poëzywike is ‘metamorfoaze’. Graach ien gedicht per dichter mei dêrby it fersyk fan de organisaasje om in ynlieding dêrby sa koart mooglik te hâlden. Alle talen binne wolkom. De muzikale bydrage dizze jûn komt fan MAYTE. De jûn begjint om 19.30 oere, tige wolkom! Sjoch ek op ensafh.nl.

31 jannewaris

Finale FeRstival 2025

Hjoed is de finale fan FeRstival, de grutste foardrachtswedstriid yn it Frysk fan ús provinsje foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Mar leafst 105 learlingen joegen har op foar dizze edysje. Fjirtjin skoallen diene fan ‘t jier ek mei oan de gastlessen ‘Foardrage foar FeRstival’. Gastdosinten Brecht Wassenaar en Sjoerd Blom brochten sa’n 400 learlingen yn ‘e ban fan it foardragen fan poëzy – de magy fan wurden op it poadium. De reaksjes wiene entûsjast. Nei de ferskate foarrondes yn Drachten, Snits en Ljouwert is it hjoed dus tiid foar de grutte finale! Om 13.30 oere yn De Harmonie yn Ljouwert. Komsto ek om de foardragers oan te moedigjen?

4 febrewaris

Fergeze yntroduksjeles Skriuwersfakskoalle

Wolst literêre teksten skriuwe yn it Frysk? En wolst dy dêryn ûntwikkelje? Dan bist fan herte wolkom op de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Leeuwarden UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 4 febrewaris 2026 fan 19.00 oant 21.30 oere is der in fergees tagonklike yntroduksjeles by Tresoar yn Ljouwert. Oanmelde foar dy yntroduksjeles kin fia skriuwersfakskoalle@tresoar.nl. Wolst earst mear ynformaasje? Sjoch hjir of mail nei info@leeuwardencityofliterature.nl.

14 febrewaris

Falentynsdei

hjir hast myn hannen leaf, myn lea, dyn libbenlang myn stoutste dreamen

Hjoed is it Falentynsdei! De dei om de leafde fan dyn libben te besjongen, of miskien wol ta te sjongen of …. wat dan ek, mar dyn leafste witte litte watsto fan him/har(ren) fynst, dochst fansels yn de taal fan dyn hert. Foar de leafste Fryske Falentynskado’s komst del yn ús winkel oan de Boterhoek yn Ljouwert of sjopst se yn ús websjop.

28 febrewaris

Literêr programma by finissage ‘FaunaXXtraorinaire’

Hjoed foar it lêst te sjen: it wûndere wurk fan berneboekeskriuwer en -yllustrator Stern Nijland en keunstner O.C. Hooymeijer yn de eksposysje ‘Fauna XXtraordinaire – Dierlijk beeld met een literaire klank’ yn De Utrecht yn Ljouwert. Dy eksposysje is in inisjatyf fan Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen, dy’t ek de literêre programmearring fersoarge hat. By de finissage hjoed, is wurk te hearren fan learlingen fan de Skriuwersfakskoalle en de Schrijversvakschool Groningen dy’t har ynspirearre litten hawwe troch de âldste Nederlânske tekst ‘Hebban olla uogala nestas hagunnan hinase hic anda thu uuat unbidan uue nu’. Wês wolkom! Mear ynformaasje is te finen op deutrecht.frl.

21 maaie

Lunchlêzing | In fergetten roman fan in fergetten skriuwster

Hjoed by Tresoar, fan 12.30-13.30 oere, jout Gerda van der Wijk jout in lêzing oer in fergetten roman fan in fergetten skriuwster: it ferhaal fan freule Cecilia Johanna van Heemstra (1767-1836). Yn 1925 ferskynt de dokumintêre roman Het Vergeten Proces, in bysûnder leafdesferhaal fan in Fryske freule. It boek is skreaun troch in skriuwster mei in frjemd pseudonym: L.E. It docht al gau bliken dat de letters steane foar Lite Engelberts (1880-1929). Se publisearre in tal ferhalen en skreau in pear histoaryske romans, mar fierder is net folle oer har bekend. En dat is sa bleaun, want L.E. is krekt as har grutte roman oer freule Cecilia van Heemstra totaal fergetten. De tagong is fergees, mar der jildt wol in ferplichte oanmelding. Kosten lunsj € 7,50. Mear ynfo en oanmelde fia Tresoar.