Fryske teäterfoarstelling én oersetting fan berneboek ‘Gozert’
Patrick de Vries (35), Johannes Hospes (32) en Freerk Hospes (32) fan teäterselskip Frets binne noch altyd út de skroeven. Doe’t útjouwerij Lemniscaat en skriuwer Pieter Koolwijk harren tastimming joegen om it berneboek Gozert as teäterfoarstelling op te fieren, wienen se al hiel bliid. Se koenen harren lok lykwols hielendal net op doe’t sy ek entûsjast wienen oer in Frysktalige foarstelling.
‘Oant de simmerfakânsje fiere wy it stik op foar basisskoallebern yn ferskate Fryske teäters. Ek is der op 1 maaie 2024 ien iepenbiere foarstelling yn Snits. Dêrnei gean wy oer op it Nederlânsk yn oare provinsjes’, fertelle de manlju grutsk. Neist harren trijen sels spylje ek akteurs Eline de Vries en Ella de Jong mei yn de foarstelling. In oantal data binne sels al útferkocht.
Gozert (10+)
It ferhaal fan Gozert giet oer it jonkje Ties dat mei syn ûnsichtbere freon Gozert in hiel soad aventoeren belibbet, mar dêrtroch ek geregeld yn de problemen rekket. Ties syn famylje wol dat hy mei medikaasje ôfskied nimt fan syn selsbetochte freon. Patrick, dy’t lykas Freerk en Johannes sels heit is, wie fuort entûsjast oer it boek. ‘Meist as bern dysels wêze en ôfwike fan de noarm? Of moat in bern perfoarst yn in hokje passe om goed genôch te wêzen foar ús mienskip? Ik fûn dat in hiel fassinearjend tema.’
Freonen
De trije manlju kenne inoar al in skoft. Johannes en Freerk binne neven en Patrick learden sy kennen op de Pabû. ‘Goed tsien jier lyn hienen wy ûnder oaren kolleezje fan skriuwer Mindert Wijnstra. Hy learde ús om ferhalen te fertellen yn it Frysk. As stúdzjeprojekt hawwe wy doe, yn oparbeidzjen mei de Afûk, in teäterfoarstelling makke en opfierd. Wy dienen dat op basis fan it Frysktalige berneboek De stilte fan Joachem fan Mindert Wijnstra. Dat wie sa’n grut sukses, dat wy dêrnei trochgien binne as teäterselskip Frets, neist ús wurk yn it ûnderwiis en maatskiplik wurk.’ Stadichoan hawwe de manlju de folsleine oerstap makke nei teäter.
Leafde foar it Frysk
De freonen komme alle trije út Gaasterlân en binne ek allegear muzikaal en kreätyf. Sa is Freerk mei syn frou Tryntsje aktyf yn de muzyk ûnder de namme Mister & Mrs. ‘Wy sjonge ek geregeld covers, oerset nei it Frysk, dy’t wy op ús Instagramkanaal diele.’ Wat se ek gemien hawwe, is harren leafde foar de Fryske taal. ‘It is ús memmetaal, al prate wy it trouwens ek mei ús heiten hear, haha. Hoe dan ek: it is de taal fan ús hert. Wy skriuwe teksten en ferskes yn it Frysk en nimme sels meditaasjes op yn dy taal. En fansels prate wy it ek wer mei ús eigen bern.’
Fierder fine Patrick, Johannes en Freerk it ek hiel belangryk dat der yn it ûnderwiis omtinken is foar it Frysk. ‘It opfieren fan teäterfoarstellings mei Fryske ferskes is in geweldige wize om bern mei it Frysk yn kontakt te bringen. Seker as bern de taal net fan hûs út meikrije. De rykdom fan it Frysk is prachtich foar op toaniel.’
Fryske boekoersetting
Yn 2021 waard Gozert, skreaun troch Pieter Koolwijk, bekroand mei de Gouden Griffel foar it bêste berneboek. Koolwijk – de auteur dy’t ek it bernewikegeskink fan 2024 foar syn rekken nimme mei – wennet yn Drinte, mar hat Fryske foarâlden. Om’t de teäterfoarstellings yn Fryslân yn it Frysk opfierd wurde, ûntstie it idee om it berneboek ek oer te setten nei it Frysk. ‘Yn gearwurking mei útjouwerij Afûk is Rymke Zijlstra frege om de Frysktalige oersetting te fersoargjen. Rymke Zijlstra sette ek de boeken ‘De Bruorren Liuwehert‘ (it wrâldferneamde Sweedske berneboek fan Astrid Lindgren) en ‘Lampke‘ (it mei de Gouden Griffel bekroande Nederlânsktalige berneboek fan Annet Schaap) oer nei it Frysk. Beide oersettingen fan Zijlstra waarden troch IBBY nominearre foar de IBBY Honour List.
Troch: Froukje Sijtsma, Tresoar