Gjin sutelaksjes yn 2020
Yn oerlis mei Ernst Bruinsma, projektlieder fan Boeken fan Fryslân, is besletten dat by it trochgean litten fan de sutelaksjes dit jier it risiko te grut is. Hooplik kin takom jier al betiid begûn wurde mei de ferkeapaksjes om de skea fan dit jier yn te heljen. De doarpen en ferienings dy’t fan ’t jier meidwaan soenen, mar ek alle oaren dy’t belangstelling hawwe, wurde fan herte útnûge om harren mei nije data te melden.
De sutelaksje mei Fryske boeken en boeken oer Fryslân wurdt de ôfrûne jierren troch stadichoan mear ferienings yn doarpen troch hiel Fryslân organisearre. It ferlies fan 2020 as suteljier is foar de dielnimmende ferienings in finansjele strop, sy krije oars 25% fan de omset.