It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 16 juny is ‘daaie’

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
16 juny 2022
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd 'daaie'.

Betsjutting
De hjitte fan eat ferdrage, útstean en ferneare, talitte, duldzje, (gjin) hjitte ferneare kinne benammen fan drinken, figuerlik (net) in soad hawwe kinne, útstean kinne.

Synonimen
Ferneare.

Oersetting
Gedogen, dulden.

Utdrukkingen
Men kin gjin gleon izer mei hannen daaie.

Wêr komt it wei?
Doe’t ik lêsten in lange treinreis meitsje moast, traktearre myn reisgenoat op kofje. En dat wie flink hyt. Ik wie der wat mei oan. Ik koe de beker amper fêst hâlde. ‘Kinst it wat daaie?’, frege er. ‘No nee, eins net.’ Moai wurd, tocht ik der gelyk achteroan ‘en lang net heard’. Daaie betsjut de hjitte fan eat fan ferdrage of in soad hawwe kinne of immen duldzje. Ik ken it benammen yn de earste betsjutting. It wurdt meastal brûkt mei it wurdsje ‘net’ derby. Want meastal kinst saken of minsken earder ‘net daaie’ ynstee fan al. As Nederlânske oersetting wurdt ‘gedogen’ of ‘dulden’ jûn, mar foar myn gefoel dekt dat de lading dochs net hielendal. De koffie gedogen of dulden? Nee… yn it Frysk hat daaie yn dit gefal dochs wat in oare betsjutting dy’t yn it Nederlânsk fan no tink ik ferlern gien is. It Nederlânske ‘gedogen’ wurdt yn it Frysk yn de measte gefallen dan wer: ferneare, talitte, duldzje, tastean, net daaie. Een ‘gedoogconstructie’ is gjin ‘daaikonstruksje’. Gedogen, daaie en ek deugen binne fan oarsprong wol mei-inoar ferbûn en hawwe deselde oarsprong. ‘Daaie’ komt fan it Aldfryske ‘deya’ in foarm dy’t mei lytse fariaasjes ek yn oare Aldgermaanske talen foarkomt. lykas yn it Aldnoarsk en Aldingelsk.

Mear fergetten wurden
Tongersdei 14 july is der wer in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.