It ‘fergetten wurd’ fan 2 desimber is ‘heisterje’

Frije tiid Oer it Frysk
2 desimber 2021
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed gie it oer it wurd 'heisterje'.

Heisterje
Betsjutting: drok en lûdroftich dwaande wêze, de boel fan it plak helje/oeral helje, húshimmelje

Kinst ek in heisterkont, heistergat of heisterkarre wêze: dan bist in drok persoan, in wyldebras of in  ‘woelwater’ yn it Nederlânsk. Yn de wurdboeken komt it wurd ‘heister’ faak foar is in wat negative beneaming fan in frou of famke: een boos en lastig wijf, een vrouw of meisje dat overal vooraan wil staan, een vrouw die zelden thuis is.

Heisterich is ‘woelig’, drok.

Wêr komt it wurd wei?
Yn it Nederlânsk bestiet it wurd ‘heisteren’. Dêr is it ek, of miskien noch wol mear, in fergetten wurd. It wurd hat in Frysk/Nederdútske oarsprong. Yn oare regio’s lykas yn Drinte, it Bildt en de Stellingwerven is ‘heisteren’ of oare foarmen dy’t dêr op lykje ek bekend. Yn Flaanderen komt it foar as ‘weisteren’ yn it Eastfrysk as ‘beistern’ en yn it Nedersaksysk as ‘heisterbeistern’. It wurd is ferbûn mei heftich en hastich en it giet nei alle gedachten werom op de âldere Aldryske/Germaanske foarm haest, haifsti: betsjutting is dan opwining, drift, twist en heftichheid.

Oft it Ingelske wurd Heist – rôfoerfal, stellerij, hjir ek mei ferbûn is, is net hielendal wis, al is dat fansels ek behoarlik heftich en it moat ek hastich, oars wurdt it neat.

Mear fergetten wurden
Tongersdei 23 desimber is der wer ín ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.