It ‘fergetten wurd’ fan 23 desimber is ‘krôkje’
Krôkje
Betsjutting: mei lytse, lichte flokjes snije. Ek wol: krôksnije.
Oare betsjuttingen binne: gassen mei in skraabjend lûd út de mage wei troch de kiel ûntsnappe litte; it natuerlike lûd hearre litte (fan kikkerts, podden); kiellûden hearre litten (fan fûgels, benammen fan hinnen).
Wêr komt it wurd wei?
Hoe komt no dat sêfte fine snijen en dat boeren byinoar? Ik fyn dat dy kombinaasje de betsjutting fan it snijen wol wat deromantisearret. Lit ús earst ris nei oare talen sjen.
Dêr komt it wurd ntl. ek foar. Yn Noard-Hollân prate se ek fan krokken as it licht snijt en fan ‘kroksneeuw’ of ‘krok’ en ‘krokken’ betsjut dêr ek ‘hoorbaar opboeren’. Yn it Bildts praat men ek fan ‘krokke’. Yn it wurdboek stiet it allinnich yn de betsjutting fan licht snije. De Bilkerts hâlde de romantyk deryn.
Yn it Ingelsk hast it wurd ‘to croak’. Dat betsjut ek in leech, skor lûd meitsje, fan kikkerts en fûgels bygelyks. Yn de betsjutting fan snije bin ik it dêr net tsjinkaam…
Yn it âld-Ingelsk komt it wurd foar as ‘cracian’ en dat klinkt fansels in hiel soad as ‘kreakje’. Yn it proto-germaans is it ‘krakojan’: in skerp lûd meitsje. It wurd ferwiist dus nei it lûd dat makke wurd. It krôk/krok is dan ek ferbûn mei kreakje/kraken/to crack. Krôksnije betsjut dus eins ‘kreaksnije’. En dat ferwiist nei it lûd dat de snie makket ast der oer hinne rinst. Letter is dat wurd ferkoarte yn ‘krôkje’ (kreakje).
Mear fergetten wurden
Tongersdei 20 jannewaris is der wer ín ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.