It ‘fergetten wurd’ fan 28 oktober
Rimpen
Betsjutting: hastich, abrupt, ympulsyf, dryst, koart foar de kop.
Ast rimpen bist, beweechst dy hastich, wyld of rûch, of do hannelest hastich, wyld of rûch. Makkest dy gau drok en wurdst gau lilk. It is dus in wize fan bewegen of dwaan – sa rimpen as in jong hynder – mar it kin ek wat sizze oer dyn karakter.
Synonimen
Hastich, gysten, opljeppend.
Wêr komt it wurd wei?
Rimpen is ferbûn mei it Nederlânske ‘overrompelen’ (yn âlder Nederlânsk ek wol ‘overrimpelen’) en it Dútske ‘überrumpeln’. Rumpeln betsjut ‘lawaai maken’, mei lawaai oerfalle.
Yn it Grinslânsk en Drintsk hast ek ‘remp’ of ‘rempen’ mei sawat deselde betsjutting: troch in flugge beweging ferrasse. In oare ferbining is dy mei it Ingelske ‘to rumble’ en it Aldnoarske ‘rymja’.
Noch wer efkes werom nei it Dútsk. It mearkefiguer ‘Repelsteeltje’ hjit dêr Rumpelstilzchen (yn it Ingelsk ‘Rumpelstiltskin’). Ek in rimpen, driftich mantsje sa’t jim miskien wol witte. Doe’t syn namme ien kear rieden wie: ‘…stampte er sa fûl mei syn rjochterfoet op ‘e grûn, dat er der oant syn mul yn weisakke. Doe pakte er, baltend fan lilkens, syn linkerfuotsje mei beide hannen beet en… skuorde himsels midstwa.’
Yn it Frysk hjit Repelsteeltje ek wol Rûpelstâle, Lytse Pino, Oegemantsje of Heideskyn… Mar dêr is dan wer gjin ferbining mei ‘rimpen’ yn te finen…
Mear fergetten wurden
Tongersdei 25 novimberis der wer ín ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.