It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 15 juny is ‘Ljuensk’
Oersetting
Ned: lonkend, vals, verleidelijk, drukkend warm
Eng: tempting, seductive, adulatory, muggy, (to) lure
Betsjutting
– ferliedend, lokjend, fereale sjend
– falsk freonlik, flaaikjend
– fan it waar fochtich waarm en dêrtroch benaud, sûnder sinneskyn
Ek: luensk, foar waar ek: brodzich, near.
Wêr komt it wei?
Der binne mei ferskate betsjuttingen en wurden ferbiningen te lizzen. Sa wurdt der bygelyks ferwiisd nei in mooglike ferbining mei it Nederlânske ‘loensen’: in bytsje skeel sjen, dat dan wer ferbân hat mei it Latynske ‘luscus’. Fan dêrút kin it dan ek wer ferbûn wurde mei it Frânske ‘louche’: ûnsuver, net oprjocht, falsk. Oare wurden lykas ‘lonkje’ en ’lonken’, ‘loere/luorkje/loerkje’ en ‘loeren’ wurde hjir ek mei yn ferbân brocht. Tink dêrby ek oan it Ingelske ‘to lure’: ferliede, immen op it ferkearde paad bringe. En dat komt dan wer fan it wurd ‘lure’: in fal om hauken (haviken) mei te fangen, werom te heljen of oare bisten, lykas fisken. It waard ek wol brûkt as in sammelwurd foar in groep jonge froulju…
De ferbining mei it benaude waar sil him lizzen yn de ûnbetrouberheid fan dat waartype. It kin elk momint omslaan. Of miskien om’t je der waarm en switterich fan wurde, lykas de ljuenske blikken fan in oar. 😉
Mear fergetten wurden?
Tongersdei 21 septimber is it wer tiid foar in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.