It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 15 juny is ‘Stúsjekoard’

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
21 septimber 2023
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘Stúsjekoard’.

Oersetting
Ned: ribfluweel, manchester, corduroy
Eng: corduroy

Betsjutting
Katoenfluwiel mei ribbels, benammen brûkt foar broeken en jassen.

Wêr komt it wei?
Stúsjekoard is in ferkoarte foarm fan ‘konstitúsjekoard’. It is in soarte fan stof dy’t ek bekend is as ‘corduroy’, mansjester, pypkeferwiel of ribfluwiel. Yn de 19e iuw waard dizze stof populêr foar it meitsjen fan wurkbroeken foar manlju.
Der binne ferskillende soarten corduroy. De ferskillen hawwe te krijen mei de breedte fan de ‘rib’ of streep yn de stof. Ien fan dy stoffen waard konstitúsjekoard (constitution cord) neamd: dat wie in stof mei in frij brede rib fan swiere kwaliteit. Yn it Frysk is dat noch ferkoarte ta ‘stúsjekoard’. Nei alle gedachten om’t men ek net sa goed wist wêr’t dat wurd no krekt weikaam. Dat sjochst ek werom oan de beneaming ‘manchester/mansjester’, dat ferbastere waard ta ‘mesjester’. De beneaming komt fan de Ingelske stêd Manchester dêr’t in soad tekstyl en ribfluwiel produsearre waard.

De namme ‘corduroy’ komt wer fan ‘cord du roi’ om’t de stof yn Frankryk yn de 17e en 18e iuw brûkt waard foar de klean fan it personiel fan de kening.

Mear fergetten wurden?
Tongersdei 12 oktober is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.