It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 20 oktober is ‘goarre’

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
20 oktober 2022
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd 'goarre'.

Betsjutting
Besmetlike sykte, benammen gryp, epidemy; eat dat tydlik yn ‘e moade is, raazje; in âld hynder; in gjirrige/sunich persoan; wetterich, sompich lân.

Oersetting
Epidemie, griep, rage, oud paard, gierigaard.

Wêr komt it wei?
Neist it wurd ‘goarre’ bestiet ek it tiidwurd ‘goarje’: ‘sukkelen’, ‘ziekelijk zijn’ en der is in ferbân mei ‘earmoede’ en ‘sunigens’. It waar kin ek ‘goarrich’ wêze. Kâld waar dêr’st siik fan wurdst. Ast nei de betsjutingen sjochst hat it allegear wat te krijen mei fizichheid, suterichheid, earmoede. It is foar it earst optekene yn de 19e iuw, mar dat betsjut fansels net dat it earder net bestie.

It is net dúdlik wêr’t it wurd syn oarsprong fynt. Ik ha ek net echt in link fûn mei oare talen, mar dat wol net sizze dat dy der net is. Is der in ferbân mei it wurd ‘goar’? Dat soe kinne. Is der in link mei ‘goart’ (yn it Nederlânsk gort of parelziekte, tbc by benammen fee)? Dat wie fansels ek tige besmetlik. It is allegear net hielendal dúdlik. Ik fyn it wol in moai Frysk wurd, dat ek wol it júste gefoel werjout. Ast it wurd ‘goarre’ hearst ropt dat net gelyk positive gefoelens op troch de klank en de assosjaasje mei goar. It is dúdlik in wurd dêrst it leafst sa min mooglik mei te krijen hawwe wolst.

Mear fergetten wurden
Tongersdei 17 november is it wer tiid foar in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.