It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 25 jannewaris is: Ferrifelje

Frije tiid Oer it Frysk
25 jannewaris 2024
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: ‘ferrivelje'. (En ‘oer it mad komme’)

Oersetting
Ned: bedriegen, foppen, misleiden
Eng: to cheat, to deceive, to trick

Betsjutting
In falske foarstelling fan saken oproppe by, misliede, bedrage, op ûnskuldige wize foar de gek hâlde.
Synonym: oer it mad komme (dat ferrifelet my, dat kom my oer it mad). Oer it mad komme betsjut: hommels en ûnferwachte mei eat konfrontearre wurde
Siswize: De wrâld wol ferrifele wurde.

Wêr komt it wei?
Ferrifelje is noch wol in aardich bekend wurd. In soad minsken witte wol wat it betsjut, mar wy heare it wol hieltyd minder om ús hinne. As it giet om nijsberjochten oer it waar, dan wurdt it noch wol gauris brûkt. Minsken wurde wol gauris ferrifele troch waarsomstannichheden: stoarm, izel, snie. Yn it wurd ferrifelje sit it haadwurd ‘rifel’. Rifelje of rijfelen yn it Nederlânsk betsjut ûnder oaren ‘dobbelje’. In rifelspul is in dobbelspul. En yn sa’n spul kinst dus ‘ferrifele’ wurde, troch bedroch of om’t dy dobbelstiennen dochs hieltyd oare dingen dogge dan ast hopest of ferwachtest. In ‘rifelinge’, ‘rijffel’ of ‘raffle’ (Eng.) is in lotterij.

Rijfelen, in saneamd iteratyf of in werhellingstiidwurd (in wurd dat werhelling fan in aksje oantsjut) betsjut ek ‘wriuwe’ of ‘skodzje’ (fan bygelyks in kaartspul). It komt van ‘rijven’, ‘riven’ of yn it Aldfrysk ‘rivia’ dat ‘harkje’ of ‘gripe nei’ betsjut.

As immen dy ferrifelet, komt er dy oer it mad. In ‘mad’ of ‘mêd’ is in stik gerslân. Spesifiker is it in stik lân datst op 1 dei meane kinst. As ien dy oer it mad komt, dan hellet er dy ûnferwachts ûnder it meanen yn. Yn oerdrachtlike sin betsjut it dus ‘immen oerfalle of betraapje’.

Mear fergetten wurden?
Tongersdei 22 febrewaris is it wer tiid foar in nij ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.