It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 26 jannewaris is ‘bodzje’

Frije tiid Leare & ûnderwiis Oer it Frysk Op it wurk
26 jannewaris 2023
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma 'Goeiemiddei' mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd 'bodzje'.

Nederlânsk: zwoegen, zwaar werk doen.
Ingelsk: to toil, to drudge.

Betsjutting
Swier (grûn)wurk dwaan, stront of grûn fynmeitsje oer de greide, fan swiere klaai: opskowe, opstrûpe foar it ploechizer of oar ark, mei muoite bewege, gean.

Oersetting/synonym
Bealgje , ezelje , ploegje , poddebûkje , wrame , wrotte.

Utdrukkingen
Better te bodzjen as te skoaien  (it is better dat men jins lean fertsjinnet mei hurd wurkjen as mei biddeljen).

Sân jier moat men bodzje om ien goed jier  (men moat lang en hurd wurkje om in behoarlik bestean te beskreppen)

In bodder: is in hurde wurker, ‘zwoeger’.

Wêr komt it wei?
It is net helder wêr’t it wurd no krekt weikomt. Der binne hjir en dêr wat oanknopingspunten, mar hiel fier komme wy dêr net mei.

Yn it tiidwurd ‘bodzje’ sit it wurd ‘bodde’. Bodde hat yn it Frysk ferskate betsjuttingen:
–          frachtslide, lânbou-ark dat oer in stik lân lutsen wurdt om kluten en dong fyn te meitsjen
–          earmoedich hûs

De earste betsjutting komt oerien mei wat wy ûnder bodzje fersteane. Slepe en wrotte en hurd wurkje om wat fan a nei b te krijen of om oer it lân te slepen. Dêr leit ek de direkte relaasje mei ‘bodzje’. Yn it Dútsk hast ek in wurd ‘Buddeln’ dat grave, wrotte en skeppe betsjut.

Yn it Nederlânsk hast dan ek noch it wurd ‘botte’, dat koer, koffer, draachkoer betsjut. Eat watst tille en slepe moatst. Botte hat yn dit gefal in direkte relaasje mei it Frânske bouteille en it Ingelske bottle, dat komt fan it Latyn ‘butta’ (fles, kûp, sek), mar mooglik hat it ek in Germaanske oarsprong. Yn it Frysk wurdt dat ek wol boat of boatte of buotte neamd (in meast houten reiskofferke). Hat dat wat mei de ‘bodde’ as stik ark te krijen?

De oare betsjutting hat fermoed ik ek net in direkte relaasje mei bodzjen, al bin ik dêr net 100% wis fan. In bodde is in earmoedich hûs, in skuorre, hutte, en ek bun/beun: plak om libbene fisk te bewarjen. Tink ek oan it Ingelske booth en it Dútske Bude en it Ned. boede (besibbe oan ‘boedel’/’boel’). Dat wurd hat wer in Germaanske oarsprong. En soest fansels sizze kinne dat in soad bodders yn in bodde wenje, om’t hurd fysyk wurkjen faak net it aldermeaste opsmyt… Tink mar oan dy 2e útdrukking: Sân jier bodzje om ien goed jier te hawwen.

Mear fergetten wurden?
Tongersdei 26 jannewaris is it wer tiid foar in ‘fergetten wurd’. Stim om plm. 15.10 oere ôf op Omrop Fryslân en harkje nei it programma ‘Goeiemiddei‘. Sjoch hjir foar mear ‘fergetten wurden’.