Nij berneboek ‘Jou my de romte!’ bringt freonskip fierder
Yn it boek jout Anno sels in beskriuwing fan syn ferfelende skoaltiid en lit dêrmei sjen hoe’t it pesten begûn en hieltyd fierder gie. Tagelyk beskriuwt hy in oar ferrin fan syn libbensferhaal. Mei in nije ôfsluting, wêrby’t de learlingen pesten en iensumheid ombûge nei soarchsumheid en freonskip.
‘Ik bin net sneu. Der is niks mis mei my. Ik sis it lûdop tsjin mysels. Dat foel my hjoed ynienen op. Dat ik tsjin mysels sizze moat dat ik okee bin. Die ’k froeger noait. Noait ha ik mysels fertelle moatten dat ik net sneu bin. Ik bin ommers net sneu. Mar no moat ik it lûdop sizze. Oars begjin ik oan mysels te twiveljen. Is der miskien dan toch wól wat mis mei my? Nee toch? Nee! Toch?’
Mei in knypeach nei it escape(class)room-spul waard skriuwer Bart Kingma yn in plysje-auto nei de skoalle ta brocht. Sawol Kingma as de plysje-aginten fertelden dêr koart wat oer pesten, iensumheid en de ynfloed fan oaren by kattekwea en misstappen.
Relaasje mei escape(class)room-spul ‘Anno N. fersus skoalbern’
Jou my de romte! is folslein selsstannich te brûken, mar kriget oanfoljende wearde yn kombinaasje mei de escape(class)room Anno N. fersus skoalbern. Yn de klasse komt it boek ekstra ta libben troch alderhande ferwurkingsopdrachten. De aktiviteiten jouwe oanlieding om kwaliteiten fan elkoar te beneamen, mar ek om te ûnderfinen wat in oar syn reaksje betsjutte kin foar dyn eigen dwaan en litten. It boek wurdt nei oanmelding fia www.annon.frl fergees oanbean oan learlingen fan groep (6), 7 en 8. Jou my de romte! is fan no ôf ek te keap yn de boekhannels, de Afûk-winkel en de websjop fan de Afûk.
Anno N. bringt freonskip fierder!
Anno N. fersus skoalbern en Jou my de romte! binne projekten fan: Afûk, Cedin, Fers, GGD Fryslân, NHL Stenden, Omrop Fryslân en ROC Friesland College, yn opdracht fan Provinsje Fryslân.
Boekgegevens
Jou my de romte!
Auteur: Bart Kingma
Yllustraasjes: Marijke Klompmaker
Utfiering: paperback
ISBN: 978 9493159532
Priis: € 9,95
websjop.afuk.frl