Tydskrift
It tydskrift heit&mem is in fergees twatalich tydskrift foar âlders yn Fryslân mei bern fan 0 oant 12 jier. It tydskrift heit&mem ferskynt twa kear jiers yn in oplaach fan 40.000 en wurdt op mear as 500 plakken yn Fryslân ferspraat, ûnder oaren by biblioteken, sikehuzen, basisskoallen en bernedeiferbliuwen. Lês mear oer it tydskrift op heitenmem.nl.
Dêrneist is der de lytse heit&mem, in meartalich tydskrift spesifyk rjochte op âlders mei jonge bern (0 oant 2 jier) yn Fryslân. De lytse heit&mem wurdt fergees ferspraat yn in oplaach fan 8000 eksimplaren fia it Taalkado.
heit&mem online
Op de webside heitenmem.nl wurdt aktuele ynformaasje jûn oer meartalich opfieden en it grutbringen fan bern fan 0 oant en mei 12 jier. De webside heitenmem.nl en de byhearrende Facebook– en Instagrampagina wurdt goed besocht en de besikersoantallen groeie noch alle dagen.
Jubilea
Yn septimber 2018 ferskynde nûmer 25 fan it tydskrift heit&mem en yn 2019 bestie heit&mem 10 jier.