Sykje nei:

Nyk de Vries komt mei solo-album

Ald-Dichter fan Fryslân Nyk de Vries presintearret syn soloalbum ‘Hoefolle wurden/Hoeveel woorden’ no freed yn Noardewyn Live. It album mei sawol Fryske as Nederlânske nûmers is fan tiisdei 4 juny ôf te belústerjen fia Spotify.

De Afûkside fan sneon 1 juny 2024

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 fan juny

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear […]

Skriuwersfakskoalle ferbynt him mei lanlike fakoplieding

De Skriuwersfakskoalle, Leeuwarden UNESCO City of Literature en Tresoar bondelje de krêften foar de opliedingsmooglikheden fan Fryske (aspirant)skriuwers. De organisaasjes wurkje fan 1 july ôf gear oan de fierdere ûntwikkeling fan de Skriuwersfakskoalle, in mearjierrige Frysktalige fakoplieding. De partners wolle dêrmei in ympuls jaan oan de profesjonalisearring fan Fryske skriuwers en de ûntwikkeling fan nije […]