Sykje nei:

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 21 maart is ‘Manneboet’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: ‘manneboet’.

Nij ferskynd by Utjouwerij Afûk: it Meslânzer Woardeboek

Neidat der moai wat jierren oan wurke wie, kaam dan einliks de dei dat der in wurdboek fan it dialekt fan Midslân op Skylge presintearre wurde koe, en dat wie op tongersdei 14 maart yn kafee “Het Wapen van Terschelling” yn Meslâns, sa’t Midslân lokaal neamd wurdt.

De Afûkside fan sneon 16 maart 2024

Spesjaal foar de Nationale Boekenweek, dit kear op de tredde sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse side is dit kear gearstald troch Boeken fan Fryslân en stie fol mei û.o. de moaiste boeketips foar de Boekenweek en ynformaasje oer it Fryske Boekenweekgeschenk.