Sykje nei:

ANBI

De Afûk hat in ANBI-status (RSIN/ fiskaal nûmer ANBI 3304334). In ANBI is in Algemeen Nut Beogende Instelling. Op basis derfân kinne minsken dy’t in legaat neilitte of in skinking dwaan wolle oan in ANBI, gebrûk meitsje fan beskate belestingfoardielen. Sjoch foar mear ynformaasje dêroer op de webside fan de Belestingtsjinst.

Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslân is in projekt fan de Afûk dat him rjochtet op de promoasje fan álle Fryske boeken. Mei bygelyks sutelaksjes en alternative ferkeappunten mar ek mei in Frysk boekewikegeskink, it fersoargjen fan optredens troch skriuwers en dichters, de berneboekeambassadeur en de dichter fan Fryslân.

Tomke

Tomke is in foarlês- en taalstimulearringsprogramma yn it Frysk foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn ’e omgong mei jonge bern. Foarlêzen, ferskesjongen, (taal)spultsjes en oandacht foar de deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

heit&mem

heit&mem hat as doel om oansteande en (jonge) âlden te ynformearjen oer it grutbringen fan bern fan 0 oant 12 jier. Meartaligens is dêr in substansjeel ûnderdiel fan. Heit&mem docht dat troch de ynformaasje oan te bieden yn benammen it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk.