Boeken fan Fryslân is in projekt fan de Afûk dat him rjochtet op de promoasje fan álle Fryske boeken. Mei bygelyks sutelaksjes en alternative ferkeappunten mar ek mei in Frysk boekewikegeskink, it fersoargjen fan optredens troch skriuwers en dichters, de berneboekeambassadeur en de dichter fan Fryslân.

Sutelaksje 
De sutelaksje hat syn wearde de jongste jierren op ‘e nij bewiisd. Ferdinand de Jong hat de lieding oer dit projekt en docht dat mei faasje. Al wer in pear jier wurdt der mei súkses sutele yn de Fryske doarpen. En elk kin him oanmelde. De ferieningen yn de doarpen, dy’t tekenje foar de ferkeap, ûntfange 25% fan de omset. Dat is foar de measte ferieningen in bêst stik bûter yn de brij. Dit jier is der sutele yn ûnder oaren: Boarnburgum, Blauhûs, Nij Beets, Weidum, Aldegea en Berltsum.

Berneboekeambassadeur (BBA)
Skriuwster Lida Dykstra is de Berneboekeambassadeur (of koartwei BBA) fan Fryslân. Fan jannewaris 2020 ôf jout sytwa jier lang in gesicht oan de promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal. De BBA hat as taak Fryske berneboeken, taal en lêzen te promoten, Frysk taalplezier, lêsplezier en wurdskat te ferbetterjen. De BBA kin útnûge wurde op skoallen, yn bibeteken en boekhannels, op boekedagen, by ferienings, foarlêswedstriden en foardrachtsfestivals. Sjoch op www.berneboekeambassadeur.frl foar mear ynformaasje en oanmelden!

Kadoboek foar bern
It kadoboek foar bern is in fêste wearde yn de Fryske boekewrâld. Boeken fan Fryslân jout útjouwers de gelegenheid om sa’n boek moai en yn in hege oplage út te jaan. De presintaasje en de ferspreiding is yn hannen fan Boeken fan Fryslân. Yn 2018 is it kadoboek skreaun troch Hanneke de Jong en yllustreard troch Linda de Haan. Utjouwer is Bornmeer.

Boekewikegeskink mei CPNB en kadoboek
Yn it ramt fan de Nationale Boekenweek is yn 2018 it nasjonale boekewikegeskink fan Griet Op de Beeck oerset nei it Frysk troch Jetske Bilker. De Fryske edysje ferskynde yn in oplage fan 8000 eksimplaren. Yn de boekewike koenen klanten kieze tusken de Frysktalige of de Nederlânsktalige edysje as geskink, by oankeap fan boeken foar minimaal €12,50. Op it Boekefeest yn Zalen Schaaf, mei in programma rûnom de Flaamske skriuwster en in tal froulike Fryske auteurs (Elske Schotanus, Hilda Talsma, Baukje Zijlstra, Jetske Bilker en Neeltje Bonnema), kamen sa’n 300 minsken ôf.

Yn 2019 krige de gearwurking mei it CPNB in ferfolch mei de Fryske oersetting fan it Boekenweekgeschenk ‘Jas van belofte’, skreaun troch Jan Siebelink. Ek dizze kear tekene Jetske Bilker foar de Fryske oersetting. Njonken de oersetting fan it Boekenweekgeschenk yn de Nederlânske Boekenweek, krigen klanten de hiele moanne maart tidens de ‘Moanne fan it Fryske boek’ it kadoboek Rosmos, skreaun troch Willem Schoorstra, by oankeap fan € 12,50 oan boeken der op ta.

Dichter fan Fryslân
Boeken fan Fryslân stiet yn opdracht fan de provinsje noed foar de begelieding fan de Dichter fan Fryslân.

Ferkeap oan skoallen
De siswize ‘keapje troch te sjen’ giet ek op foar skoallen. Der wurde rûnom yn Fryslân boekekisten nei de skoallen brocht. Dy krije fjirtjin dagen de gelegenheid om in kar út it oanbod te meitsjen. De boeken dy’t oerbliuwe, wurde wer ophelle.

Alternative ferkeappunten
Alle jierren wurde der alternative ferkeappunten fan Fryske boeken organisearre. De diskes wurde bemanne troch frijwilligers dy’t in profyzje fan 25% fan de omset krije.