Sykje nei:

Taalplan Frysk 2030

Mei it Taalplan Frysk ynvestearje wy yn de kwaliteit fan Frysk ûnderwiis op alle skoallen en alle ûnderwiisnivo’s. Taalplan Frysk 2030 is in gearwurking fan Afûk, Cedin, Fers, Keunstwurk, NHL Stenden, Omrop Fryslân, Semko, SFBO en de provinsje Fryslân. Frysk, foar no en letter. Mear witte? Sjoch dan op www.taalplan.frl.

Toetsing en evaluaasje

Grip biedt in ferskaat oan evaluaasjeynstruminten, dy’t dosinten yn en neist Searje 36 brûke kinne om de Fryske taalûntwikkeling te folgjen. It referinsjeramt Frysk (rrF) is dêrby it útgongspunt.

De Fryske kanon: 11en30.nu

De ko, de terp fan Hegebeintum, Domela en Piter Jelles. Samar trije fan de 11&30 (41) finsters fan de Kanon fan Fryslân. De Fryske kanon is ûntwikkele nei oanlieding fan de Nederlânske kanon. It projekt bout de finsters fan de Nederlânske kanon út mei Fryske aspekten, bringt ferdjipping en biedt spesifike finsters foar de Fryske […]

Toetsing en evaluaasje

Grip biedt in ferskaat oan evaluaasjeynstruminten, dy’t learkrêften yn en neist Spoar 8 brûke kinne om de Fryske taalûntwikkeling te folgjen. It referinsjeramt Frysk (rrF) is dêrby it útgongspunt.

Tomke

Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

Foarlêze

Foarlêzen fersterket de bân mei dyn bern en is goed foar de opbou fan de wurdskat en fierdere taalûntwikkeling. Foar it twatalich grutbringen fan bern is it aktyf stimulearjen fan de Fryske taal fan de berte ôf belangryk.