Suksesfolle start kursusjier Afûk: mear minsken op kursus Frysk

Leare & ûnderwiis
28 maart 2019
Goed 400 minsken binne yn it earste fearnsjier fan 2019 úteinset mei in kursus Frysk. Dat binne 150 kursisten mear as yn deselde perioade yn 2018. Yn totaal binne der op dit stuit in goede 30 kursusgroepen op ferskate lokaasjes troch de hiele provinsje aktyf mei in kursus Frysk ferstean, praten of skriuwen.

Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk op allerhanne nivo’s: foar minsken dy’t it Frysk as memmetaal hawwe, mar ek foar dyjingen foar wa’t it Frysk in hiele nije taal is. Op dit stuit binne der likernôch 250 kursisten dwaande mei in kursus ‘Lear mar Frysk’ (Frysk ferstean en lêzen) en ‘Praat mar Frysk’ (Frysk praten). Goed 150 kursisten dogge mei oan in kursus ‘Skriuw mar Frysk’.

‘Wy binne der fansels hiel bliid mei dat de minsken ús sa goed witte te finen en, moaier noch, dat ús kursussen yn in ferlet foarsjogge’, seit Lineke Kuiper fan de kursusorganisaasje fan de Afûk. ‘En de kursussen wurde net allinne út persoanlike ynteresse folge, mar ek foar it wurk. Fia wurkjouwers is der hieltyd mear fraach nei kursussen foar meiwurkers.’

Kursussen op maat
De Afûk organisearret net allinne algemiene kursussen foar partikulieren, mar biedt ek kursussen op maat oan. ‘Njonken de basisbegjinsels is yn sa’n kursus ek omtinken foar bygelyks spesifike terminology. Yn oerlis mei in organisaasje of bedriuw kinne wy dêr ynfolling oan jaan’, leit Kuiper út. Foar bepaalde beropsgroepen binne en wurde aparte metoades ûntwikkele. Foar amtners is der bygelyks in metoade ‘Frysk yn it offisjele ferkear’ en op dit stuit wurdt de lêste hân lein oan in kursus foar soarchprofessionals.

De Afûk biedt dit kursusjier sa’n fjirtich ferskillende kursussen oan. Foar dejingen dy’t gjin groepskursus folgje kinne of wolle, is der de mooglikheid om fia selsstúdzje Frysk te learen. Sjoch foar mear ynformaasje: http://kursus.afuk.nl.