Foto: Hoge Noorden, Jacob van Essen

Tige slagge earste partnerbyienkomst WikiWomen yn Ljouwert

Boeken fan Fryslan Oer it Frysk
17 maart 2022
Yn it wykein fan 11 oant 13 maart 2022 hat de earste partnerbyienkomst fan it WikiWomen-projekt plakfûn yn Ljouwert. It wie foar de fjouwer dielnimmers út Baskelân en de trije út Ierlân harren earste besite oan Fryslân. Neist in delegaasje út dy twa lannen wiene ek de partners út Fryslân, Learning Hub Friesland, Fryske Akademy-Mercator en de Afûk, oanwêzich.

De earste gearkomste wie yn de kapel fan de Blokhúspoarte, no ûnderdiel fan Dbieb. De fokus lei benammen op it dielen fan kennis en ûnderfining, mar ek op de earste stappen dy’t it ynternasjonale konsortium de kommende moannen sette sil. Middeis wie der tiid foar in tematyske stedskuier oer de Fryske taal en kultuer en bysûndere Fryske froulju fersoarge troch A guide to Leeuwarden. Sneintemoarn waarden yn it Oranjehotel alle inns en outs besprutsen oangeande it projekt-management en de kommunikaasje. De partners sjogge werom op in tige slagge wykein en sjogge út nei de fierdere gearwurking de kommende trije jier.

WikiWomen is in gearwurking mei middelbere skoallen en Wikipedia-organisaasjes út Baskelân (Spanje) en Ierlân en trije Fryske kennispartners om Wikipedia yn Europeeske minderheidstalegebieten te brûken as in middel om digitale geletterdheid, sosjale belutsenens en taalfeardigens te ûnderwizen. De subsydzje komt út it ErasmusPlus-programma fan de Europeeske Kommisje, bedoeld foar projekten op it mêd fan ûnderwiis, oplieding, jongereinsaken en sport.

Op de foto fan links nei rjochts
Boppeste rige
: Simon Tubb en Anastasija Zareckyte (Learning Hub Friesland), Welmoed Sjoerdstra (Afûk), Rebecca O’Neill (Wikimedia Ireland), Faela Mhic Dhomnaill (Coláiste Oiriall), Cor van der Meer en Inge Heslinga (Fryske Akademy/Mercator), Galder Gonzalez Larrañaga (Euskal Wikilarien Kultura Elkartea).
Underste rige: Róisín UíChuinn (Coláiste Oiriall), Mirjam Vellinga (Afûk), Edurne Agirre Iturbe (Euskal Wikilarien Kultura Elkartea), Xabier Alberdi en Lorea Corcuera (Antigua Luberri BHI).