Wa krijt fan dy in kaartsje?
Boeken fan Fryslan
Frije tiid
Leare & ûnderwiis
Oer it Frysk
Op it wurk
17 febrewaris 2023
De ôfrûne wiken hat it team fan Praat mar Frysk de online
oamoedigingskampanje 'Praat mar Frysk, ék mei nije Fryskpraters' de wrâld ynstjoerd. Minsken dy’t it Frysk as nije taal leare of leard hawwe, de saneamde 'Nije Fryskpraters', fine it soms best lestich om Frysk yn it iepenbier te praten en in oanmoediging of komplimint wurket stimulearjend en wurdt hiel bot op priis steld. Op tiisdei 21 febrewaris, ynternasjonale memmetaaldei, is der dêrom in ekstra leuke aksje: stjoer fia Praat mar Frysk in écht kaartsje mei in komplimint nei ien dy't Frysk leard hat of no Frysk oan it learen is.
Gean nei www.praatmarfrysk.nl/nijefryskpraters en klik op ‘kaartsje ferstjoere’. Wy skriuwe it kaartsje foar dy en dogge ‘m op de post!
It projekt ‘Nije Fryskpraters’ is in gearwurking tusken Mercator Kennissintrum foar meartaligens en taallearen/Fryske Akademy en de Afûk.