Willem Schporstra op it Frysk boekebal 2019, foto: argyf Afûk

Rosmos & The Blues yn reprise

Boeken fan Fryslan Frije tiid
23 augustus 2019
Nei de suksesfolle toernee yn de Moanne fan it Fryske Boek trede skriuwer Willem Schoorstra en muzikant Jack Bottleneck noch ien kear tegearre op mei harren programma Rosmos & The Blues. Op freed 6 septimber, de jûns fan 20.30 oere ôf, binne de mannen yn Café Markzicht yn  Drachten te sjen en te hearren mei harren programma oer de ‘blues’ yn ’e breedste sin fan it wurd, mei smoute ferhalen, brike ynfallen en te gekke muzyk. De tagong is fergees.

Sawol de ferhalen fan Willem Schoorstra as de nûmers fan Jack Bottleneck binne rau en earlik, net sûnder humor en altyd fitaal. Rosmos & the Blues giet oer fallen, oer hiel meitsjen en oer wille. Rosmos & the Blues giet oer it fieren fan it libben. Schoorstra: ‘De blues is it libben sels: rau en earlik, in stomp yn ’e mage, in skop ûnder de kont.

Oer Rosmos
Rosmos is in spannende en humoristyske roman dy’t him ôfspilet yn de ‘ûnderklasse’ fan de maatskippij. Fol faasje nimt Willem Schoorstra de lêzer mei yn in ferhaal oer frouljushannel, moard, loyalens en komôf. Oer it opwaarmjen fan djipfriessatee yn in wettersieder. Oer seks as jierdeikado yn it ramt fan in famyljetradysje. Schoorstra skreau Rosmos op ferysk fan Boeken fan Fryslân as kadoboek yn de Moanne fan it Frysk boek 2019. It boek leit no foar € 10,00 yn ′ e boekhannel.