Kom ris del yn ús boek- en kadowinkel
Nije rubryk: fergetten wurden
Dit is ús Boeketip 10 foar maaie

Nijs

Cornelis van der Wal nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie

Foar de alfde kear wurdt yn septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzijfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019) en Nyk de Vries (2020) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Cornelis van der Wal. Hy sil op 26 septimber in optreden fersoargje, op de Europeeske Dei fan ’e Talen.

Dit is de Afûk Boeketip 10 foar maaie

Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús boeketip 10. In boek of tydskrift fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is. Of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten. Nûmer 1 […]

Sneon 1 maaie 2021 yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad

Elke earste sneon fan de moanne stiet er yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. In side fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én mei nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Moarn binne we der wer!

Premjêre poëzijfideo Dichter fan Fryslân – ‘Spegel’

Juster gie op Omrop Fryslân TV de fjirde fan in seary poëzijfideo’s fan Nyk de Vries as Dichter fan Fryslân yn premjêre. De fjirde poëzijfilm, in film mei Sinan Cihangir, is in ferfilming fan it gedicht ‘Spegel’.

Us boekwinkel giet wer iepen!

Fan woansdei 28 april ôf kinne klanten wer sûnder yn ‘t foar in ôfspraak te meitsjen te plak yn ús boekwinkel. De doar is op dy dei ‘âlderwetsk’ fan 9.30 oere ôf iepen. ‘Wat ha wy dêr in sin oan’, glundert haad fan de winkel Elisabeth Abels-Gorter […]

Nasjonale Boekewike 2021: sneon 29 maaie o/m snein 6 juny

Nei de parsekonferinsje fannewike wêryn’t dúdlik wurde dat fan 28 april ôf de boekhannels wer sûnder ôfspraak iepen kinne, hat it CPNB bekend makke dat de Boekenweek 2021 fiert wurde sil fan 29 maaie oant en mei 6 juny. It Boekenweekgeschenk fan Hanna Bervoets – tagelyk yn in Fryske oersetting fan Baukje Zijlstra – en […]

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Streektalen yn Fryslân

Oer it Frysk

Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.

Dat wie doe sa

Frysk yn ’e soarch

Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen om yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.

Tomke

Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis

Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

Korreksje- en oersethelp

Kinne wy dy helpe?