‘Smoarch ljocht’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.
De twa frisisten Reitze Jonkman (Fryske Akademy) en Arjen Versloot (UvA en RUG) rjochtsje har yn Het Friese ‘Nederduits’ no ris net yn it foarste plak op it Frysk, mar op dy oare taal yn Fryslân dy’t hjir ek in lange skiednis hat. Dy lange skiednis komt ek nei foaren yn it brûken fan de […]
Kenst dat, lytse mominten fan ferwûndering of lok? Se oerfalle dy op strjitte of yn de natuer, fynst se samar yn foarwerpen, moetingen of geuren. Yn de 100 dagen fan kultureel programma Arcadia (17 maaie oant en mei 24 augustus 2025) ferrast Ljouwert UNESCO City of Literature dy 100 dagen lang mei Lyts gelok: literêre ljochtpuntsjes dy’t […]
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: mjitsk.
It projekt PRESENT (‘Hier Nu!’), in gearwurking tusken Afûk, Tienskip, Firda en Omrop Fryslân kin in priis winne op de jierlikse Regiohelden. It projekt is nominearre foar dy lanlike prizen foar de bêste regionale produksjes.
Oprop foar (oansteande) âlders yn Fryslân om mei te dwaan oan ús ûndersyk nei meartalich opfieden. Foar in ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne Afûk en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) op ’e syk nei oansteande âlders en âlders mei jonge bern yn Fryslân. Mei in […]
Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen […]
Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo.
Praat mar Frysk giet gauris op ‘e kofje by bedriuwen dy’t it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.