In moai nij simmernûmer fan heit&mem!
Op it goudgiele strân fan Flylân...
Besjoch ús BoekeTIP10

Nijs

Nij ferskynd by Afûk: ‘De bûseskatten fan Poike’

De bûseskatten fan Poike is in boek fol mei gedichten, ferhalen en nifelwurkjes – allegear ynspirearre op sammele bûseskatten fan bern. In hearlik boek oer bernefantasy en fynsten, foar bern fan 4 jier ôf.

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij simmernûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Dit kear giet it, njonken de fêste rubriken sa as bernepraatsjes, yn de heit&mem oer ûnder oaren: traktearjen en kloklêzen, mar der is ek in bysûnder ferhaal oer in reinbôgefamylje, in moai foarlêsferhaal fan […]

Súksesfolle edysjes fan Taaldoarp yn Bûtenpost en Wommels

Taaldoarp Frysk sjocht werom op twa súksesfolle edysjes fan it projekt yn Bûtenpost en Wommels. It doel fan Taaldoarp Frysk is om it brûken fan it Frysk bûten skoaltiid oan te moedigjen en ûndernimmers te ynspirearjen om mear Frysk yn harren winkelpraktyk te brûken. Eardere edysjes hawwe sjen litten dat dit echt in ferskil meitsje […]

Glês-yn-lead keunstwurk ‘Wy binne mbû’ oanbean oan Bouwurk Arcadia

Op tongersdei 5 juny 2025 hawwe mbû-studinten in bysûnder meartalich glês-yn-lead-keunstwurk oanbean oan Bouwurk fan Arcadia, op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It keunstwurk toant in betsjuttingsfolle relaasje fan de studinten mei de wrâld en in sterke identifikaasje mei de regio.

De Afûkside fan sneon 8 juny 2025

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûk-side. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

It fergetten wurd fan tongersdei 5 juny is ‘ûngetiid’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan de wurden: ûngetiid. Wat betsjut it? Wêr komt it wei?

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Winkelje

Deropút

Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen […]

Kursus Frysk

Frije tiid

Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]

Korreksje- en oersethelp

Kinne wy dy helpe?

Streektalen yn Fryslân

Oer it Frysk

Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.