Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn LC en FD stiet fol ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut. Mei de Afûkside yn de regionale deiblêden wolle wy in breed publyk sjen litte […]
Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, hat Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid útskreaun. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. Foar elk winnend gedicht is €200,- beskikber steld.
By de Afûk is ferskynd: De letterfretter fan Lida Dykstra. Yn dit berneboek is Lida oan ’e slach gien mei alle lûden dy’t yn de Fryske taal foarkomme. Elk lûd hat syn eigen gedicht dêr’t it lûd sa faak mooglik yn foarkomt. Yn it boek steane 47 gedichten, fol taalrykdom en humor, mei de moaiste […]
Der is wer in nije foarlêsgids ferskynd! Earder kaam dit ynformative gidske yn de foarm fan in brosjuere, mar no as royale úttearfolder mei in prachtige poster fan De letterfretter op de efterkant. Yn de foarlêsgids fynst in seleksje fan de nijste Fryske berneboeken en apps foar bern fan 0-12 jier en handige foarlêstips.
Fan 23 januari 2023 ôf binne de subsydzjeregelingen Fryske literatuer fan de provinsje Fryslân wer iepen. It giet dêrby om subsydzjes foar it skriuwen, oersetten en bewurkjen, meitsjen fan promoasje foar en útjaan fan Fryske literatuer. De regelingen foar it skriuwen en oersetten en bewurkjen jilde ek foar tonielstikken.
Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei‘ mei Johan Terpstra en Diana de Groot. Hjoed wie it de beurt oan it wurd ‘bodzje’.
Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.
Praat mar Frysk giet gauris op ‘e kofje by bedriuwen dy’t it Frysk brûke. Wat smyt dat harren op? Besjoch de ûnderfiningen fan kollega-ûndernimmers op de webside fan Praat mar Frysk. Sels ek in Praat mar Frysk-bedriuwsfideo? Stjoer dan in mailtsje.
Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen […]