Wurkje by de Afûk?
Alle bern yn Fryslân krije in taalkado
Untdek oft in kursus Frysk wat foar dy is

Nijs

Rely Jorritsmapriis 2025: werhelle oprop!

Fan ‘t jier sille foar de 71ste kear de Rely Jorritsmaprizen foar Fryske ferhalen en gedichten útrikt wurde. Wa’t gading meitsje wol, kin noch oant 15 maaie in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre […]

Fakatuere by de Afûk!

De Afûk is in organisaasje dy’t as doel hat om de Fryske taal in folweardich plak te jaan yn ús mienskip. Achter de skermen is in korrekte en aktuele boekhâlding foar de hiele organisaasje fansels essinsjeel. En dêryn kinsto no in wichtige rol spylje, want wy sykje in meiwurker foar de finansjele administraasje. Wat foar […]

Feestlike oanbieding meartalige berneboeken yn Waadhoeke

Ofrûne moandei 14 april krigen learlingen fan basisskoalle It Bynt yn Winsum in Lêskiste mei Fryske berneboeken kado út hannen fan René de Vries, wethâlder fan de gemeente Waadhoeke, en Tialda Hoogeveen, Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. It is de ôftraap fan in aksje wêryn’t alle skoallen fan de gemeente in fergeze Lêskiste oanbean krije. Yn de […]

Tjits van der Wal presintearret har earste berneboek – Sake ûntdekt in wûndereilân

De populêre makker fan de TjitsFloch, bekend fan de freedtejûn op Omrop Fryslân televyzje en har fideo’s op YouTube, makket de oerstap nei it papier mei har earste berneboek: Sake ûntdekt in wûndereilân.

It ‘fergetten wurd’ fan tongersdei 10 april is ‘Sljocht’

Alle moannen besprekt Mirjam Vellinga in bysûnder of fergetten Frysk wurd op Omrop Fryslân Radio yn it programma ‘Goeiemiddei’ mei Johan Terpstra. Hjoed wie it de beurt oan it wurd: Sljocht.

Rikele Hollema winner Grut Frysk Diktee 2025

It Grut Frysk Diktee 2025 is wûn troch Rikele Hollema fan Earnewâld. Mei net mear as 4 flaters koe hy it fûl begearde Gouden Dakje mei nei hûs nimme. Fan de fiif dielnimmende teams wiene it ‘De Natuerminsken’ dy’t mei gemiddeld 27 flaters ta bêste ploech fan de jûn útroppen waarden. Ofswaaiend foarsitter fan de […]

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Boeken fan Fryslân | Foar útjouwers, skriuwers, lêzers en boekferkeapers

Boeken fan Fryslân

Boeken fan Fryslân is dé organisaasje foar de promoasje fan it Fryske boek.

Dat wie doe sa

Frysk yn ’e soarch

Dat wie doe sa wurket gear mei soarchoanbieders om soarchfregers te stimulearjen om yn soarchsituaasjes de eigen taal te brûken. Dat kin troch de oanbelangjende taal sichtber te meitsjen op de soarchlokaasje mei bygelyks posters en buttons, mar ek troch it oanbieden fan workshops oan de fersoargjenden.

Tomke

Frysk yn it foarskoalsk ûnderwiis

Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.

Korreksje- en oersethelp

Kinne wy dy helpe?