Besjoch ús BoekeTIP10 fan jannewaris
Wy sykje in lesjouwer Frysk
Wolkom yn ús boek- en kadowinkel

Nijs

Rely Jorritsmapriisfraach 2026 iepensteld

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 72ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin foar 15 april 2026 in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery dy’t dit jier bestiet út Gerbrich van der Meer, Reitze Jonkman en Yvonne Dijkstra, hifket de ynstjoeringen […]

Provinsje wol mear learkrêften en dosinten mei foech Frysk

‘Jou Frysk omdatst joust om it Frysk!’ Provinsje Fryslân wol (takomstige) learkrêften en dosinten entûsjast meitsje foar it beheljen fan it foech Frysk. Dêrom is moandei 12 jannewaris de kampanje Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk útein set. Deputearre Eke Folkerts: “Mei dizze kampanje meitsje wy de rûte dúdliker, tagonkliker en oantrekliker.”

Poëzyprojekt ‘Fier dyn eigen taal’ kriget ferfolch

It projekt ‘Fier dyn eigen taal’ fan útjouwerij Frysk en Frij kriget in ferfolch. It tema foar dizze edysje is ‘frijheid’. Ferline jier waarden minsken oproppen om gedichten yn te stjoeren mei it tema ‘taal’. It tal ynstjoerings wie oerfloedich: sa’n 250, yn mear as 70 tongslaggen, dêr’t úteinlik 222 fan yn de sammelbondel Fier […]

De Afûkside fan sneon 10 jannewaris

Elke earste sneon fan de moanne yn de Leeuwarder Courant én it Friesch Dagblad: de Afûkside. De moanlikse Afûkside yn de LC en it FD stiet fol mei ynformaasje en nijs oer ús projekten en produkten én jout nijsgjirrige boeketips foar lyts en grut.

Wy sykje in lesjouwer Frysk

Twa kear yn it jier wurde kursussen Frysk jûn fan tsien lessen, sawol jûns as oerdeis en op ferskate plakken yn Fryslân. Omdat it tal kursussen tanimt, sykje wy nije lesjouwers Frysk! Wolsto as dosint de Fryske taal en kultuer oan folwoeksenen oerbringe en minsken entûsjast meitsje foar it Frysk? Dan komme wy graach mei […]

NIJ! Wêr is Keimpe?

Der is in prachtich nij sjoch-, lear- en fertelboek fan Keimpe de Krokodil ferskynd: Wêr is Keimpe? It boek is opboud yn 20 tema’s dy’t hieltyd útwurke binne yn ien grutte detaillearre tekening ferdield oer twa siden. Om de grutte plaat hinne, binne wer ferskate details en foarwerpen útljochte dy’t yn it Frysk, Nederlânsk en […]

Bliuw op de hichte Meld jo oan foar de Afûk nijsbrief

Populêr

Kursussen Frysk foar folwoeksenen

Leare en ûnderwiis

In kursus Frysk folgje kin by de Afûk yn allerhande foarmen: fan Frysk ferstean oant Frysk skriuwen en fan selsstúdzje oant in kursus op maat. Der binne ek kursussen oer de skiednis en kultuer fan Fryslân en it is mooglik om in oplieding ta taaldosint Frysk te dwaan.

Kursus Frysk

Frije tiid

Wolst it Frysk ferstean, lêzen, praten of skriuwen leare? Of wolst mear witte oer Fryske literatuer of skiednis? Dan bist by de Afûk oan it goede adres. Al mear as 90 jier fersoarget de Afûk kursussen Frysk foar Frysktaligen en net-Frysktaligen, foar jong en âld, yn groepsferbân of online. Wy ha altyd in kursus dy’t […]

Skiednis fan it Frysk

Oer it Frysk

It Frysk ûntstie yn de iere midsiuwen. Doe krige it stal as aparte taal en begûn it him te ûnderskieden fan oare besibbe Germaanske dialekten, lykas it Aldingelsk.

Spultsje dwaan

Frije tiid

Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.