Juster gie de tredde poëzijfideo fan de Dichter fan Fryslân yn premjêre op Omrop Fryslân TV. De nijste poëzijfideo is in muzikale ferfilming fan it gedicht ‘Asman’ en is ta stân kommen yn gearwurking mei Omrin.
Ta gelegenheid fan de Fryske Boekewike hat skriuwster Hilda Talsma it prachtige en aktuele Lockdownleafde skreaun. Hilda Talsma fiert dit jier har 10-jierrich skriuwersjubileum en is frege om it Kadoboek foar de Fryske Boekewike te skriuwen. It Kadoboek wurdt yn de perioade fan 6 oant en mei 14 maart fergees oanbean by de oankeap fan […]
Bisto op syk nei in boek, in (Frysk) kadootsje of wat oars en kinst it yn de websjop net fine of wolst graach persoanlik advys? Fan woansdei 3 maart o.s. ôf ferwolkomje wy dy graach, hielendal koroana-proof, wer yn ús moaie Boek- en Kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert! Meitsje gau in ôfspraak!
In nije Frysktalige podcast yn de foarm fan in fjouwerdielich harkspul makket de lockdown ynkoarten wat draachliker. Fan 3 maart ôf is yn in ûnsinnich ferhaal de kantoarthriller Gaazte Sjoerd te hearren fia de webside fan de Moanne, tydskrift en poadium foar kultuer en de keunsten.
De band It Dockumer Lokaeltsje is de winner fan de Bernlefpriis 2020. De priis waard op sneon 20 febrewaris útrikt op in spesjale digitale edysje fan de Frysk Popawards. Gitarist Sytse van Essen en sjonger/bassist Peter Sijbenga krigen in sjek fan € 1500 en in byldsje. De Bernlefpriis is in jierlikse priis wêrmei’t de provinsje […]
Fan 21 oant 26 febrewaris fiere wy Ynternasjonale Memmetaaldei mei #FryskSichtber. Yn dy wike wolle wy de Fryske taal safolle mooglik sichtber meitsje. Om’t wy tsjinwurdich in soad tiid efter it skerm sitte yn Teams of Zoom of oare wurk-/oerlisomjouwingen, hawwe wy fjouwer digitale eftergrûnskermen makke dy’tst brûke kinst by dyn oerlis- en bypraatmominten.
Neist Frysk en Nederlânsk wurde yn ‘e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy’t yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy’t lânseigen binne yn ‘e súdeastlike râne fan ‘e provinsje.
Yn de Afûk boek- en kadowinkel kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen oan de […]
Tomke is in Frysk foarlês- en taalstimulearringsprogramma foar pjutten. It projekt wol âlders en profesjonele opfieders ynformearje oer it brûken fan taal yn de omgong mei jonge bern. Foarlêze, ferskes sjonge, (taal)spultsjes en oandacht foar deistige saken binne wichtich foar alle talen, dus ek foar it Frysk.