O O O O

Grut tal oanmeldings foar Dichter fan Fryslân

16 septimber 2017

Mar leafst 36 dichters hawwe sollisitearre nei de funksje fan Dichter fan Fryslân. Oant en mei 10 septimber koenen kandidaten sollisitearje nei Dichter fan Fryslân troch in Frysk gedicht en in koarte motivaasje yn te stjoeren.

Fan hjoed ôf oan kin ek it publyk syn stim hearre litte. De sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, hat út alle ynstjoerings in foarseleksje makke fan trije kandidaten. Op de webside fan Dichter fan Fryslân: www.dichterfanfryslan.nl kin elkenien fia in stim op syn of har favoryt gedicht, fan ien fan dy trije kandidaten, in foarkar trochjaan.

Dêrnei bepaalt de sjuery, mei it achtslaan fan de publyksstimmen, wa fan de trije kandidaten foardroegen wurde sil as earste Dichter fan Fryslân. Op freedtemiddei 24 novimber makket deputearre Sietske Poepjes yn de Herman Gortertsjerke yn Balk bekend wa't de provinsje beneamd hat as earste Dichter fan Fryslân.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.


Literêre kursussen by Tresoar

15 septimber 2017

It nije kursusoanbod literatuer fan Tresoar foar it neijier fan 2017 bestiet út:

• Poëzij foar begjinners. Fan 18 oktober ôf, troch Abe de Vries
• Hoe skriuw ik in roman? Fan 2 novimber ôf, troch Jetske Bilker
• Libbensferhalen skriuwe troch Marga Claus (start begjin 2018 nije kursus, de hjerstkursus sit fol!).

Mear ynformaasje
Sjoch foar mear ynformaasje oer de kursussen, ek oer de wize fan opjaan en beteljen op sirkwy.frl. Wachtsje net te lang. By oeryntekening is der in wachtlist.

Jo kinne ek kontakt opnimme mei Tresoar (Wieke de Haan), 058-7890789 of stjoer in e-mail nei ynfo@tresoar.nl. Nei opjefte krije jo de betellingsgevens.


Typysk 'de Moanne' op UIT

4 septimber 2017

It mobile redaksjelokaal fan 'de Moanne' wie juster op it UITfestival in grut sukses: hûnderten nije meiwurkers skreaunen mei oan 'de Moanne-special' oer wat sy belibben op it UIT-Festival. It reinde gedichten, ferhalen, resinsjes en kollums. Benijd? Tsjek de foto's op Facebook.


Frysk mei ek by Belestingtsjinst

29 augustus 2017

Fryske Algemien nut beëagjende ynstellings (ANBY), meie harren tenei ek yn it Frysk ferantwurdzje by de Belestingtsjinst. Dat meldt minister Plasterk fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, yn syn beänderjen op de Keamerfragen oer de tuskenevaluaasje bestjoersôfspraken Fryske taal en kultuer.

De VVD fraksje stelde fragen oer it Frysk by ANBY’s. Dit binne ynstellings dy 't harren ynsette foar it algemien belang. Under de rjochtlinen fan de Belestingtsjinst wie it foar Fryske ANBY’s net mooglik om harren yn it Frysk te ferantwurdzjen, want dan ferlearen sy harren ANBY-status. Plasterk jout oan dat it Frysk, op grûn fan de erkenning fan it Europeesk Hânfêst, in deselde status hat as it Nederlânsk. De minister hat dêrom yn oerlis mei de steatssekretaris fan Finânsjes besluten om de rjochtlinen op dit punt oan te passen.

Deputearre Poepjes: “De provinsje Fryslân en taalorgaan DINGtiid hawwe dit meardere kearen oan de oarder steld by minister Plasterk. Mei de oanpassing fan de rjochtlinen respektearret de minister de Wet gebrûk Fryske taal. Dêr bin ik bliid mei. Friezen moatte yn harren eigen taal mei elkoar kommunisearje kinne, ek by Rykstjinsten. Ik rop de Friezen dan ek op om dat te dwaan. Wy meie grutsk wêze op ús taal en dat meie wy sjen litte.”

De folsleine anderten fan minister Plasterk op de Keamerfragen steane op de webside fan de Twadde Keamer.

Bron: parseberjocht Provinsje Fryslân


Afûk winkel iepen tidens UITfestival Ljouwert snein 3 septimber

25 augustus 2017

UITfestival Ljouwert set op snein 3 septimber it nije kulturele jier útein mei in festival fol teater, literatuer, keunst, aktiviteiten foar bern en muzyk. Mar ek mei bysûndere projekten, in kultuer- en kursusmerk, iten en drinken.

Oanrieders
Kom yn alle gefallen even lâns yn ús winkel oan de Bûterhoeke en priuw by it poadium foar it HCL alfêst wat fan de sfear en de aktiviteiten fan Lân fan taal. Of skriuw mei oan in spesjaal nûmer fan de Moanne!

Lokaasje: Prinsetún Ljouwert. Sjoch foar alle programma ynfo op uitfestival.nl. Oant sjen!


Alve ekstra mienskipsprojekten Lân fan Taal

24 augustus 2017

Yn de twadde subsydzjeperioade fan Lân fan Taal binne alve meartalige mienskipsprojekten honorearre. Se wurde dêrmei opnommen yn it iepen programma fan Lân fan Taal. Yn de ôfrûne perioade hawwe 25 projekten in oanfraach dien. Der binne sân gruttere projekten honorearre. Fjouwer lytse projekten krije in subsydzje.

Op de flechtlingeskoalle Master Amiko yn Snits leare flechtlingen mei help fan gebeartetaal kommunisearjen. Learlingen kinne sa hurder de Nederlânske taal leare. De fjouwertalige (Nederlânsk, Frysk, Liwwadders en Dútsk) literêr-teätrale kuier De Wuttelhaven del fertelt it ferhaal fan de oarlochsroman fan Steven H.P. de Jong. By it projekt Fier dyn Frije taal wurde op 14 skoallen yn Fryslân dichtwurkwinkels organisearre. Us Buorman yn Tallinn is in teäterprojekt fan Stichting HOMSK Theater dêr 't de ferhalen fan Friezen en mei-Europeanen sintraal steane. De foarstelling is te sjen op ferskate festivals yn de hiele provinsje. ‘De profylfoto fan Klaas’ is in muzikale teäterproduksje mei as beaken de tsjerketoer fan Wommels. Kliïnten fan Talant meitsje dizze foarstelling yn ‘e mande mei in Sweedsk koar, in muzykferiening en ferskate keunstners. It projekt Lûd bringt lûdkeunsters út de hiele wrâld nei de bosk fan Riis. Kunstkring Gaasterland organisearret dizze eksposysje yn augustus en septimber 2018. Taal, lânskip en identiteit steane sintraal by it projekt Moaie Plaatsys. Mei audiofisuele presintaasjes en in mobile fotostudio wurdt in tiidsdokumint fan it Bildt makke.

Yn de kategory lytse projekten hawwe fjouwer projekten in subsydzje krige. Der wurdt in sympoasium oer it skriuwen yn it Stedsfrysk organisearre. It Jankfoddekoar Tuzen Triennen kriget in bydrage foar har jubileumtour. In poëzymiddei yn Balk en in taalsafari yn Ljouwert wurde ek opnaam yn it programma.

Nije subsydzjeperioade
Fan 4 oktober 2017 oant en mei 1 novimber 2017 kinne de inisjatyfnimmers fan mienskipsprojekten wer in oanfraach yntsjinje. Mei it subsydzje wol de provinsje Fryslân fernijende projekten op it mêd fan meartaligens, taal en/of it Frysk stimulearje. Elke keunstdisipline en elke lokaasje yn de provinsje is tastien.

Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling is te finen op www.fryslan.frl. Mear witte oer Lân fan Taal? Sjoch op de webside www.lanfantaal.frl.



Foto: Tryntsje Nauta en Heleen Haijtema


Wy sykje in 'projektkoördinator foarskoalsk ûnderwiis'

17 augustus 2017

Bisto dy full-time projektkoördinator foarskoalsk ûnderwiis dy't wy sykje?

Mei produkten en projekten lykas Heit & Mem en Tomke jouwe wy al jierren omtinken oan foarskoalsk ûnderwiis en foarljochting oer meartalich opfieden. Dêrneist sil der yn 2018 yn it ramt fan Lân fan Taal in taletún ferrize yn de Prinsetún yn Ljouwert. In boarters- en ûntdekkingsplak foar û.o. pjutten en beukers. Foar dy projekten sykje wy in:


PROJEKTKOÖRDINATOR foarskoalsk ûnderwiis m/f
foar 36 oeren wyks


As projektkoördinator ûnderhâldsto de besteande kontakten en sikesto nije partners. Do bist ferantwurdlik foar it realisearjen fan projekten binnen de stelde kaders, mar der wurdt ek ferwachte datsto nije plannen ûntwikkelest. Om’t de gearwurking mei de ferskillende partners meastentiids foar langere tiid is, is it wichtich datsto in goede relaasje mei harren opboust.

Taken
- Opsetten en mei útfieren fan projekten op it mêd fan taalstimulearring en foarskoalsk ûnderwiis
- Untwikkeljen fan foarljochtingsmateriaal en -aktiviteiten foar sawol âlders as professionals oer taalstimulearring en it meartalich grutbringen fan bern
- Mei ynfolling jaan oan de aktiviteiten en produkten fan Heit & Mem (û.o. tydskrift, website, social media)
- Ferbiningen lizze tusken de ferskillende projekten en produkten, sawol yntern as ekstern

Funksjeprofyl
- Akademysk wurk- en tinknivo, by foarkar in oplieding op it mêd fan ûnderwiis (ûnderwiiskunde, taalkundige, dosint)
- Underfining mei social media en it skriuwen fan teksten foar in breed publyk
- Saakkundich op it mêd fan taallearen en meartaligens
- Praktyske wurkûnderfining yn it foarskoalsk ûnderwiis
- Goede kontaktuele eigenskippen
- Mûnlinge en by foarkar skriftlike behearsking fan it Frysk

De kontraktperioade is ynearsten ien jier mei útsjoch op in ferlinging fan noch in jier.

Foar mear ynformaasje oer de funksje kin o/m 20 july kontakt opnommen wurde mei Mirjam Vellinga (projektlieder taalpromoasje, m.vellinga@afuk.nl, tel. 058-2343070) of nei 20 july mei Koen Eekma (direkteur, k.eekma@afuk.nl, tel. 058-2343070).

Sollisitaasje foar 28 augustus 2017 graach maile oan c.vandervee@afuk.nl, foar de direkteur fan de Afûk, drs. K.J. Eekma.


Fryslân siket in Dichter fan Fryslân

18 july 2017

Fryslân siket in Dichter fan Fryslân. De dichter wurdt frege om yn dichtfoarm te reagearjen op wat der hjoed-de-dei yn Fryslân en syn bewenners om giet. Wêr wurde wy stil fan? Wat lit ús hert bûnzje, of wêr wurde wy stomwei dûm fan? Wat stimt ta neitinken? Sa sille persoanlike, mar ek algemien-maatskiplike ûnderwerpen út de aktualiteit by in breed publyk, yn dichtfoarm, ûnder de oandacht brocht wurde.

Kandidaten kinne harren oant en mei 10 septimber 2017 melde fia fryslansiket@dichterfanfryslan.nl of harren oanmelde fia de website www.dichterfanfryslan.nl.

In sjuery, besteande út Tamara Schoppert, Obe Alkema en Peter van Lier, bepaalt úteinlik wa’t de kommende twa jier de titel Dichter fan Fryslân drage mei.

De Dichter fan Fryslân skriuwt seis oant tsien kear yn it jier in gedicht by in selskeazen gelegenheid of aktueel barren en kriget dêrfoar in fêste fergoeding fan € 2.500,00 it jier en € 250,00 foar elk gedicht. De úteinlike bekendmakking en beneaming fan de earste Dichter fan Fryslân is op freed 24 novimber 2017.

It projekt ‘Dichter fan Fryslân’ is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en wurdt útfierd troch de Afûk. Mei de beneaming fan de Dichter fan Fryslân wol de provinsje by in breder publyk mear omtinken freegje foar de keunstfoarm poëzij.


Afûk en BUOG bouwe in Talepaviljoen yn de Ljouwerter Prinsetún

14 july 2017

Lân fan taal kriget yn 2018 in bysûnder Talepaviljoen op in bysûnder plak. Yn 2018 wurdt de Prinsetún in Taletún mei it Talepaviljoen as sintraal moetingsplak. De Afûk jout yn gearwurking mei BUOG stal oan dizze ‘húskeamer’ – ek wol ‘livingroom of languages’ - fan Lân fan taal dêr’t it publyk op alderhande wizen yn ‘e kunde komme kin mei de ferskillende (lytse) taalmienskippen yn Europa, Nederlân, Fryslân en Ljouwert.

Twa froulju

Yn de Prinsetún ferriist yn 2018 in tydlik (memme)taalpaviljoen yn de foarm fan twa frouljusfigueren. It stiet symboal foar de memmetaal en meartaligens. Kees Botman en Pieter Stellingwerf fan BUOG binne ferantwurdlik foar it ûntwerp en sjogge it sa: ‘ Besikers lizze bûten harren taal ôf en krûpe ûnder de rok fan mem. De romte is iepen, útnûgjend en hat in waarm karakter. It is in feilich plak dêr’tst mei in iepen blik yn de kunde komme kinst mei oare minsken en mienskippen. Dat kriget noch in ekstra diminsje trochdat it hoarekapersoniel dôf is.’

Gearwurking mei HoorFriesland en Friese Poort
HoorFriesland is ít sintrum yn Fryslân foar dôven en minsken mei gehoarproblemen en soarget foar de besetting fan it paviljoen mei gasthearen/-froulju. ‘Wy wolle dat ek dizze minsken heard wurde en dat ús besikers harren der fan bewust wurde dat taal mear is as it sprutsen wurd.’ Besikers moatte neitinke oer hoe’t sy mei de gasthearen en gastfroulju kommunisearje. Se moatte werom nei de basis fan kommunikaasje en erfare hoe’t is om ‘sprakeleas’ te wêzen.’

Neist HoorFriesland is ROC Friese Poort ek in belangrike gearwurkingspartner. Sa wurkje der studinten fan ferskillende opliedingen yn de Bou en Ynfra mei oan it Talepaviljoen.

Taalmienskippen

Alle wiken stiet der yn it Talepaviljoen in taal sintraal. Njonken it Frysk binne dat streektalen en dialekten út Fryslân en Nederlân, lytse talen út Europa en de talen dy't yn Ljouwert praat wurde.
De ferskillende taalmienskippen hawwe in wike lang de mooglikheid om harren taal en kultuer te presintearjen troch bygelyks muzyk, teater, poëzy, storytelling en lêzingen, mar ek om besikers yn ‘e kunde komme te litten mei lokale gerjochten en - gebrûken. Yn totaal dogge sa'n 30 taalmienskippen mei oan it programma fan it Talepaviljoen.

Poadium
Der is altyd libben yn it paviljoen. Op tongersdeitejûnen en sneintemiddeis is der in programma dat fersoarge wurdt troch de taalmienskip dy’t dy oanbelangjende wike sintraal stiet. Troch de wike is der romte foar skoalgroepen en kinne besikers der terjochte foar in hapke en in drankje en in potsje Scrabble. Fierder tsjinnet it paviljoen as lokaasje foar alderhande besteande en nije inisjativen dy’t rjochte binne op Lân fan taal, lykas liveútstjoerings en registraasjes fan radio/tv, literêre jûnen, Werelddovendag, taalkafees, ensfh. Dêrneist binne yn en by it paviljoen eksposysjes te sjen dy’t mei meartaligens, taal en emoasje te krijen hawwe, dêr't de besikers ek in bydrage oan leverje kinne.

It Talepaviljoen is iepen fan 30 maart oant en mei 28 oktober 2018 en is alle dagen iepen.


Spesjale Fryske edysje fan it NPO Zappelin fakânsjeboek

13 july 2017

Al dyn Zappelin favoriten yn ien boek: mei de Smurfen, Pingu, Woezel en Pip, Sassa en Toto en oare bekenden. Mei puzeltsjes, kleurplaten, in ferske, ferhaaltsjes fan Nijntje en Tomke, spultsjes en noch folle mear … Bestel 'm hjir of keapje 'm yn de boekhannel.

De betelpagina wurdt laden