O O O O

Het 'Nationale Voorleeslunchverhaal' dit jaar ook weer in het Fries

23 juni 2017

Schrijfster Vonne van der Meer schrijft dit jaar het 'Nationale Voorleeslunchverhaal'. Het verhaal wordt traditiegetrouw op de 'Nationale Ouderendag' (6 oktober 2017) door bekende en onbekende Nederlanders door het hele land voorgelezen aan ouderen. In 2016 had het verhaal 'Dons' van Jan Siebelink de Friestalige primeur. Dat is zo goed bevallen dat er ook dit jaar weer een Friese vertaling van het verhaal beschikbaar komt. Eén en ander in samenwerking met - en hulp van het project Dat wie doe sa fan de Afûk.


Lees hier het persbericht van De Leescoalitie: De Leescoalitie.


Nu te koop: de Moanne nr. 3

21 juni 2017

Bekijk'm hier en koop 'm in de boekhandel of neem een abonnement!


NIJ ferskynd: Spetter, spetter ... en oare ferskes

19 juni 2017

De moaiste (opsis)ferske en sykplaten út de Tomke-boekjes fan de ôfrûne 20 jier. Tomke hat se sels mei foar dy útsocht! Mei prachtige yllustraasjes fan Linda de Haan.
No te keap, ek yn ús websjop!


Fryske Twitterdei wordt Internationale Social Media Dag voor kleine talen

12 juni 2017

Gebruik #Frysk en doe mee!

Dit jaar organiseert de Afûk op dinsdag 26 september een Internationale Social Media Dag voor kleine talen in Europa. Die dag is het ook Europese Dag van de Talen. Niet alleen Fryslân doet mee, mar ook een groot aantal andere organisatie uit meer dan 16 andere regio's in Europa. Onder andere Baskenland, Ierland, Malta, Catalonië, de Sorben, Friulië, Cornwall, Wales en Galicië hebben hun deelname al toegezegd. En er komen bijna iedere week nog nieuwe regio's bij.

De Internationale Social Media Dag is een initiatief van de Praat mar Frysk-campagne van de Afûk. Met deze dag willen we de diversiteit aan kleine talen in Europa laten zien op Social Media en verbindingen leggen tussen de verschillende gemeenschappen. Iedere gemeenschap zal proberen om zijn taal in zijn land zo goed mogelijk voor de dag te brengen op social media en daar helpen we elkaar bij.

#Frysk

Voor Fryslân doen er weer veel bekende Friezen, instellingen en bedrijven mee, zoals: Jorrit Bergsma, Iris Kroes, Lutz Jacobi en het MCL, Omrop Fryslân, Tresoar, Ziggo Nederland en Arriva.

Met deze actie wil de Praat mar Frysk-campagne de drempels om het Fries te gebruiken wegnemen en het gebruiken van het Fries op social media zoals Twitter, Facebook en Instagram stimuleren.

De gemeenschappelijke hashtag voor alle deelnemende talen wordt #EDL2017 (European Day of Languages 2017).

De Internationale Social Media dag voor kleine talen is bedoeld als online feestje voor iedereen die het leuk vindt om ook eens in het Fries een berichtje te delen op social media. En natuurlijk kan dat ook op andere dagen! Vier het Fries!


Afûk wiis mei provinsjaal subsydzje ûnderwiisprojekten

7 juni 2017

De Afûk krijt rom 2 miljoen euro subsydzje fan de provinsje foar it ûntwikkeljen fan nij Frysktalich lesmateriaal. Direkteur Koen Eekma is der 'hartstikke wiis mei'.

De provinsje Fryslân wol de kommende jierren fierder ynvestearje yn it Frysk ûnderwiis en jout oan dat hja de soarchplicht hawwe foar it behâld en it befoarderjen fan de Fryske taal en de Fryske streektalen. It giet dêrby om it fuortsterkjen fan it plak fan it Frysk, faak yn in meartalige kontekst. De provinsje wol yn de kommende beliedsperioade ynsette op de ferbining tusken taal, meartaligens, kultuer en sport yn it ûnderwiis.

De Afûk hat yn ’e mande mei kollega-ynstellingen de ôfrûne jierren in begjin makke mei it ûntwikkeljen fan in trochgeande learline yn de foarm fan it referinsjeramt Frysk, útwurkingen fan fernijde foarmen fan ynteraktyf taalûnderwiis, de nije digitale metoaden ‘Spoar 8’ en ‘Searje 36’ en bypassende digitale les- en evaluaasjemiddels foar alle doelgroepen: foarskoalsk, primêr, fuortset (ek mbû), heger en folwoekseneûnderwiis.

De Afûk wol him derfoar ynsette om yn 2020 foar de Fryske taal in folslein en ryk oanbod oan digitale tapassingen foar it learen en brûken fan de Fryske taal yn in edukative setting beskikber te meitsjen. Dêrta sille der de kommende jierren ek foar dy groepen en klassen dêr’t noch net in soad, gjin of ferâldere learmiddels binne, nije digitale programma’s beskikber makke wurde. Tink oan groep 3 en 4 fan it basisûnderwiis en oan alle klassen nei de earste klasse fan it fuortset ûnderwiis, mar ek oan it middelber beropsûnderwiis.

Skoallen wurde bewuster, no’t it ‘Taalplan Frysk’ harren ambysjes yn kaart bringt. Dat freget ek om passende oplossingen, op basis fan de profilen fan de skoallen. Ek dêrfoar sil der mear ferskaat yn it oanbod komme. Nije digitale en fleksibele oplossingen wurde fierder útwurke foar de skoallen. It digitale oanbod wurdt sa foarm jûn dat it oantreklik is en dat it ek mooglik is foar skoallen om troch te ‘groeien’.


'Ynbyld' is de nije dichtbondel fan keunstneres/dichteres Elske Kampen

2 juni 2017

“Byld en tekst beynfloedzje elkoar ynhâldlik op in nijsgjirrige en foar de lêzer iepen wize”, sa seit Elske Kampen oer har wurk yn in wiidweidich fraachpetear mei Eppie Dam yn deMoanne nr. 3 (ferskiningsdatum 24 juny o.s.).

Dizze prachtige bondel is foar € 17,50 te keap yn de boekhannel. Of bestelle fia ús websjop kin fansels ek.

Bin ik op in eilân en inkeld mei myn each kin ik
de see berikke, wylst ropt in twingend freegjen
yn my om alles wat it sjocht te neamen

Mar leaver as te neamen, graaf ik.
Krij in skeppe en bûgje my foaroer en graaf.
En iepen-ticht en iepen-ticht is wylst it wikseljen
fan tij in núnderjend gerdyn, binne myn knibbels
wiet fan it heechspringend wetter en moarn
myn boksen mei bedrûge skom it wyt bewiis
dat ik hjir werklik wie



Fryske Twitterdei breidt uit

29 mei 2017



Leeuwarden Courant, 27 mei 2017

Lees er meer over op praatmarfrysk.nl!


Fryske Foarlêswike 6 o/m 9 juny 2017: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

19 mei 2017

Foarlêzers op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike! Goed 600 foarlêzers sille fan 6 o/m 9 juny rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten.
It tema is dit jier ‘Tomke troch it jier’.
De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep.

Fryske Foarlêswike
Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn:

Achtkarspelen: Boargemaster Gerbrandy lêst foar op woansdei 7 juny fan 9.30 – 11.00 oan twa groepen op it pjuttboartersplak “It Krobbehiem” yn Surhústerfean
Tytsjerksteradiel: Boargemaster Gebben komt tongersdei 8 juny, 10.00 oere nei “De Bistebus” yn Burgum
Wethâlder Doeke Fokkema lêst foar op tongersdei 8 juny om 9.30 oere by “Poppestien”yn Burgum.
Wethâlder mefrou Houkje Rypstra giet op tongersdei 8 juny om 10.00 oere nei berneopfang “Nei ‘t Sin” yn Gytsjerk.
Snits: Wethâlder mefrou Mirjam Bakker komt op woansdei 7 juny by “Thuis bij Thea” oan ’e Langeveemarktstraat om 9.30 oere.
Fryske Marren: Boargemaster Veenstra lêst foar op woansdei 7 juny om 9.00 oere op pjutteboartersplak “It Kidelstientsje” yn Sleat.
Ljouwert: Arjan Hut, skriuwer / dichter, lêst foar op freed 9 juny om 10.00 oere by de pjutten fan Kids First yn Cristallic.
Opsterlân: Boargemaster mefrou Ellen van Selm lêst foar op freed 2 juny om 9.30 oere op
pjutteboartersplak it Pykehokje yn Terwispel.
Ljouwerteradiel: Boargemaster Boertjens sil op tongersdei 8 juny foarlêze op boartersplak de Oesterkes yn Stiens om 10.00 oere.
De Stellingwerven en it Bilt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal
Skiermûntseach: en fansels wurdt der ek wer foarlêzen op Skiermûntseach yn it Eilanders

De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.


www.tomke.nl


Amtners Súdwestfryslân slagge foar kursus Frysk

12 mei 2017

It ôfrûne seizoen hawwe 33 meiwurkers fan de gemeente Súdwestfryslân in Afûk-kursus folge. De kursussen dy’t sy folge hawwe binne: Lear mar Frysk, Praat mar Frysk, Skriuw mar Frysk, de online kursus Taalreis troch Europa en de Opfryskkursus. Dus: fan it alderearste begjin oant ‘de puntsjes op ’e i’. In moai momint, want sy hawwe der allegear in soad enerzjy yn stutsen.

Yn oanwêzigens fan wethâlder Mirjam Bakker, lesjousters Renske vd Meer en Hennie de Jong, waarden de sertifikaten troch Koen Eekma, direkteur fan de Afûk, útrikt.



Mear ynformaasje oer kursussen foar ynstellings en bedriuwen fine jo hjir.


Boekpresentatie Pykje Fjouwer / Kuikentje Vier

11 mei 2017

Auteur Lida Dykstra en yllustratrise Ina Hallemans presintearren woansdeitemoarn harren nije boek Pykje Fjouwer by Kinderboekwinkel De Toverlantaarn yn Ljouwert.
Lida Dykstra lies foar oan skoalbern fan groep trije fan de Trije Doarpen Skoalle út Reduzum.

Ina Hallemans tekene dêrnei prachtige skriezepykjes mei de bern. It boek is ek yn it Nederlânsk ferskynd as Kuikentje Vier.

Foto: Jacob van Essen, fotobureau Hoge Noorden

De betaalpagina wordt geladen